Oerlis:Punt (teken)

Wêr helje se yn de Ned. ferzje (https://nl.wikipedia.org/wiki/Punt_(teken) dy ôfbyldings wei? romke fan tomke (daam) (oerlis) 8 maa 2017, 11.54 (CEST)

Hjirre: [1] Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 maa 2017, 12.30 (CEST)
Tank. Mar ik leau dat se dêr ek wat oan it programmearjen west hawwe (Berjocht:Zijbalk leestekens). En dy koade ha wy sa te sjen net. ((hokker 'opdrachten' tusken akkoloades ha wy nammers wol en is dêr in oersjoch fan?). En de bibleteek fan 'punctuation' op Common is wat in brol. Ik meitsje leau ik sels wol wat. romke fan tomke (daam) (oerlis) 8 maa 2017, 12.55 (CEST)
Ah, bedoele jo dat. Dy dingen tusken akkolades neame wy hjir 'berjochten' (se begjinne dus mei 'Berjocht:'). Op 'e Ned. Wik. sprekke se fan 'sjabloanen' ('Sjabloon:') en op 'e Ingelske fan 'templates' ('Template:'). Dus dit ding op 'e Ned. Wik. kinne jo dêr fine op nl:Sjabloon:Zijbalk leestekens. Ik leau net dat dan sokke berjochten op 'e Fryske Wikipedy ea in oersjoch byholden is. Dat bin ik teminsten noch nea tsjinkommen. Mar oer lêstekens kin ik jo wol sizze: dêr hawwe wy gjin berjocht fan. It stiet jo fansels frij om dat oan te meitsjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 maa 2017, 13.23 (CEST)
Ik haw noch wat betocht oangeande jo fraach oft der ek in list fan berjochten is. Dy is der dus net, mar jo kinne wol sykje nei berjochten troch nei de sykside te gean: Wiki:Sykje. Dan moatte jo dêr ûnder it sykfinster de link 'Utwreide' oanklikke. Dan komt der in menu te foarskyn dat 'sykje op nammeromten' hjit. Dêryn stiet standert it hokje by 'Ensyklopedy' oanfinkt. As jo dat lykwol útfinke en it hokje by 'Berjocht' oanfinke, kinne jo op berjochten sykje. (Net ferjitte om neitiid 'Berjocht' wer út en 'Ensyklopedy' wer oan te finken!) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 maa 2017, 14.18 (CEST)

Oerlis begjinne oer Punt (teken)

Oerlis begjinne
Werom nei de side "Punt (teken)".