Oerlis:Súd-Amearika

Ik hie by Noard-Amearika de lannen yn it Karaïbysk gebiet derby set mar ik sit mei Trinidad en Tobago yn de mage. Dy stiet ek al by súd amearika. Lyket my net logysk dat dit eilân flak foar de kust fan Súd-Amearika in part hat dat by noard-amearika heart en ek in part dat by súd-amearika heart. At ik op de oare wiki's sjoch is it net dúdlik.

  • en: by beide amearika's
  • da: by noard
  • de: by midden-amearika
  • ne: by súd (by noard gjin list fan lânnen)
  • af: by noard
  • sv: by noard
  • nds: by noard

Wat matte wy hjir oanhâlde?

Ik tink by noard.Theun 19.21, 13 jun 2005 (UTC)
Tobago en Trinidat lizze oan de bûtenkant fan it Karibyske gebied. It binne ek gjin Antillen, mar kusteilannen. Mei ús definysje fan Noard-Amaerika bassearre op it Karibysk gebiet, heart it ta Noard-Amearika; wie dy bassearre op de Antillen, dan wie it part fan Súd-Amearika. Ek myn atlas jout Súd-Amearika. Aliter 21.54, 13 jun 2005 (UTC)
At ik in bytsje op googleje kom ik eins allinich siden tsjin der't T&T as meast súdlike Karybiske eilânnen neamd wurde. Dus dat soe foar Noard-Amearika pleitje.Theun 18.33, 15 jun 2005 (UTC)
De Kariben hawwe op dy eilannen wenne, dat is wol wis. Mar moat de omskriuwing dat it Karibyske gebiet ta Noard-Amearika rekkenne wurdt letterlik naam wurde, of is dy omskriuwing maklik mar net presys? Trinidad wurdt op it ynternet mear neamt yn kombinaasje mei Súd-Amearika as mei Noard-Amearika. Aliter 21.37, 15 jun 2005 (UTC)
Dan healje ik T&T by Noard wol foart. Ik fyn it dan ek wol wat frjemd om de Nederlânske antillen ta Noard te rekkenjen. Dizze eilânnen lizze op de selde hicht as La Isla Marguarita en dat hjert toch echt by Fenezuela. Ik hie it leafst dat it konsekwint op alle wiki's is mar dat sil der wol net yn sitte.
Ik haw wol sjoen op oerlis op de ingelske wiki dat se der dêr ek net hielendal útkomme. Der hawwe se neffens mei oanhâlden dat it yn Súd-Amearika (Trinidad) en yn Noard-Amearika (Tobago). Mar lit us mar Súd-Amearika oanhâlde.Theun 19.59, 16 jun 2005 (UTC)
Al binne de Nederlânske Antillen gjin kusteilannen, guon rekkenje se yndie ta Súd-Amearika. Ik nim oan dat dan Grenada as de punt fan Noard-Amearika sjoen wurdt. Konsekwintens sil der net ynsitte, tink, om't lju út ferskate lannen ek net deselde bagaazje meibringe nei it probleem. Der is mar ien dúdlike skiedslynje tusken Noard en Súd, en dat binne de Kaaimantroch en de Porto Rikotroch. Mar as wy de polityk folgje komme wy dúdlik súdliker út. Aliter 21.47, 16 jun 2005 (UTC)

Oerlis begjinne oer Súd-Amearika

Oerlis begjinne
Werom nei de side "Súd-Amearika".