Oerlis:Strjitten yn Drylts
Lêste reäksje: 13 jier lyn troch Swarte Kees
De Finne - strjitte op it plak dêr`t it earder in finne wie. Wa hie syn lân dêr, wa wie eigener? Of wie it tsjerkelân, de tsjerke finne? Waard dêr wêr`t it no yndustryterrein is in stik lân sa oantsjutten? Drewes 25 jul 2011, 18.41 (CEST)
- Ek fierders noch in soad fraachtekens yn dit artikel. At der no gjin antwurd op te jaan is, kinne dy fragen der wol út soe ik seze.Drewes 25 jul 2011, 18.48 (CEST)
- It binne ûnderdielen fan oerlis tusken twa Drylsters. De measte fraachtekens hie'k al weilitten. It giet eins mear om it oerlis dêre, troch de fraachtekens stean te litten hie ik hoop dat guon meidoggers mear witte oer soksoarte saken. Mar jo ha gelyk, wat net wis is moat der net yn. In ensyklopedy is op't lêst gjin oersjoch fan fragen..--Swarte Kees 25 jul 2011, 18.52 (CEST)