Oerlis:Swynsmastate

Lêste reäksje: 14 jier lyn troch Swarte Kees

De namme Swynsma, Swijnsma of Zwijnsma komme net foar yn Nederlân neffens it Meertens Ynstitút [1]. Herma M. van den Berg neamt de state ek net yn har ynventarisaasje fan monuminten yn Eastergoa. Drewes 9 jul 2010, 18.10 (CEST)Beäntwurdzje

Dan kin sa'n gegeven opnomd wurde yn de tekst, tinkt my--Swarte Kees 9 jul 2010, 18.42 (CEST)Beäntwurdzje
Ik haw de tekst al sa oanpast dat it wol kin, tocht my. Ik woe mar sizze: it belang fan dizze state sil wol beheind west hawwe om't Poptastate, Banga State, Heringa State, Peyma State en Rintjema State wol yn in mear as ien boarne neamd wurde. Ik bin oars wol benijd wêr't dy States-en-stinzen-man, dy't gjin boarne neamd, syn ynfo helle hat, mar dit sydlings. Drewes 9 jul 2010, 18.59 (CEST)Beäntwurdzje
Ik sil him ris digitaal op it festje spuie,--Swarte Kees 9 jul 2010, 19.01 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Swynsmastate".