Oerlis:The Phantom 'Rickshaw and Other Tales

Lêste reäksje: 3 jier lyn troch Mysha

Moat der ek útlis by wêrom at dy riksja wier "'Rickshaw", mei mar ien klamke, hjit? Dat wol sizze, at immen dat wit. Of oars in útlis dat it orizjineel sa hiet, mar dat net ien wit wêrom? Mysha (oerlis) 27 okt 2021, 12.13 (CEST)Beäntwurdzje

@Mysha: Dat is eins wol in ynteressante fraach. Doe't ik dizze side skreau, haw ik dy titel sa oernommen fan 'e Ingelske Wikipedy. Ik fûn it earst ek apart, mar op 'e omslach fan 'e earste útjefte (sjoch ôfbylding ynfoboks) kinne je dúdlik sjen dat dêr ek in apostrof stiet. Dat ik tocht: no ja, dan sil it wol goed wêze, en ik haw der net fierder yn fersjoen. No't jo deroer begjinne, haw ik lykwols ris eefkes socht. In apostrof jout ornaris oan dat der wat weilitten is, ek yn it Frysk: wurden as "dy't" en "dêr't" komme neffens my oarspronklik fan "dy oft" en "dêr oft" en wurden as "mei't" en "om't" fan "meidat" en "omdat". Dus ik haw socht nei in foarm fan rickshaw dêr't wat oars oan it begjin stiet. Ik leau dat ik dat hjirre, yn 'e Encyclopedia Britannica fûn haw: jinrickshaw. Ik nim oan dat yn 1888, doe't de ferhalebondel útjûn waard, dat jin- noch mar koartby foar it wurd weifallen wie, sadat Kipling it nedich fûn om dat noch wer te jaan mei in apostrof. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 okt 2021, 21.08 (CEST)Beäntwurdzje
P.S.: ik haw in sin oan 'e ynlieding tafoege dy't dit útleit. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 okt 2021, 21.13 (CEST)Beäntwurdzje
Tankewol. Nefffens it titelbeskriuwen giet it lykwols om de titelside, mar ik hie al sjoen dat dy wier sa'n klamke hie. Dat it in fuortlitten wie, dêr hie ik noch net oan tocht. Dat, no mar in koarte útlis op riksja. (NIje wike, at oaren der giet tiid beskikber foar hawwe.) Mysha (oerlis) 28 okt 2021, 11.21 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "The Phantom 'Rickshaw and Other Tales".