Oerlis:Winkel (Noard-Hollân)
Lêste reäksje: 3 moannen lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp Stêd
Stêd
bewurkje seksjeIs Winkel in stêd? It hat histoaryske stedsrjochten, mar dat jild foar in hiel soad doarpen yn Noard-Hollân. RomkeHoekstra (oerlis) 3 aug 2024, 09.38 (CEST)
- Tsja, we beskôgje Sleat, Starum en Hylpen ek as stêden om't se stedsrjochten hawwe, dus wêrom soene we yn Noard-Hollân ynienen oare mjitstêven oanhâlde? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 aug 2024, 21.10 (CEST)
- Soks ha ik ek yn my omgean litten, mar dochs lês ik yn 'e Nederlânske tekst net oer de stad Winkel of Winkel is een stad, wol Winkel is een plaats met historische stadsrechten. 't Gein yn Utert en Staverden yn Gelderlân ha ek histoaryske stedsrjochten en foar safier ik yn 'e gauwichheid neisjen koe wurde dy plakken gehucht met historische stadsrechten en dorp met historische stadsrechten neamd. De plakken dy't jo neame wurde yn ús Alvestêdetradysje libben holden as stêd en wy neame dy plakken yn ús tradysje dus noch altiten stêd, mar dogge se dat ek yn Noard-Hollân of oare gebieten? As ik yn 'e gauwichheid de ynlieiding fan 'e Nederlânsktalige lemma's lês liket dat net sa. It is mar in fraach hear, ik bin fierder net bekend mei dy streken, mar wy soene it hjir net yn ús holle helje en neam Sleat in doarp mei histoaryske stedsrjochten.--RomkeHoekstra (oerlis) 4 aug 2024, 08.12 (CEST)
- @RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, tsja it is in kwestje fan ferskil yn it begryp yn ferskillende regio's. De kwestje yn Noard-Hollân wat stedsrjochten oanbelanget is suver nijsgjirrich. Hast alle plakken, en sels hiele streken, yn de regio West-Fryslân krigen op in beskaat stuit yn de midsiuwen stedsrjochten fan de Hollânske greve, dy't de Westfriezen oan him besykje winne te wollen, sa't ik earne miende lêzen te hawwen. In sod fan dy stedsrjochten binne letter wer ferfallen. Yn ús Fryslân is it hjoed-de-dei in gefaltsje apart. Dêr wurde plakken mei histoaryske stedsrjochten noch altyd stêd neamd, wylst guon doarpen/flekken dy't ûnderwilens folle grutter binne lykas Drachten en It Hearrenfean noch doarpen neamd wurde. Yn de hjoeddeistige Nederlânske kontekst wurde dy as stêden beskôge lykas plakken as De Haach, Zoetermeer, Hengelo, Emmen en Hoogeveen dy't nea midsiuwske stedsrjochten krigen hawwe. Hawar, it is dus mear in kwestje fan wat der yn de beskate streek fan fûn wurdt. Kneppelfreed (oerlis) 4 aug 2024, 20.32 (CEST)
- @RomkeHoekstra en Kneppelfreed: Ja, dat de Alvestêdetradysje hjir yn Fryslân it idee fan it stêdwêzen fan Sleat, Starum en Hylpen libben hâldt, dêr sit wol wat yn. En ek dat er yn ferskillende regio's ferskillend nei soks sjoen wurdt. Ynstee fan it in "doarp mei histoaryske stedsrjochten" te neamen, kinne wy ús miskien wat mear op 'e flakte hâlde en Winkel in "plak mei histoaryske stedsrjochten" neame? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 aug 2024, 20.42 (CEST)
- @Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: Ik ha der yntusken plak mei histoaryske stedsrjochten fan makke.--RomkeHoekstra (oerlis) 4 aug 2024, 22.27 (CEST)