Oerlis:Worp fan Ropta (1504-1551)
Is Worp no fan 1504 of 1505? Mysha
- De EvF seit der dit oer: Ropta, Worp fan, 13e ieusk ealman fan Mitselwier. Libbe yn fete mei Jucke Helbada (1297). De twist fan dizze geslachten behannelt Ocko Scharlensis wiidweidich en is ûnderwerp fan A.M. Wybenga's "It Soenhús".
- En boppe dit stikje yn de EvF stiet: Ropta, Van. Haadlingengeslacht te Mitselwier. Utstoarn 1581, wêrnei't Ropta-state oan it geslacht Sternsee kaam. Yn Mitselwier noch de Ropster moune.
- De namme Scharlensis is net echt in betrouden ien tinkt my, en boppedat is dit Wikipedyartikel oanmakke troch in anonym...--Swarte Kees 1 apr 2009, 16.09 (CEST)
- Dizze anonym wit ornaris wol wêr't er oer skriuwt, en dit binne ek yn syn eigen omkriten.
- Dy Worp út de EfF is Worp fan Ropta (1297). De Worp fan Ropta (1505) is in oaren, dy't ek te finen is yn Ropta syn mûne syn skiednis (jout 1504 en 1505). Aliter 2 apr 2009, 03.40 (CEST)
- Achte meiwurkers. Soe it net sa wêze kinne dat het bertejier fan Worp 'de Jonge' allinnich ôflaat wurden is fan syn portret út 1542, dateare 20 oktober (Anonymus út de Fryske Skoalle, yn besit fan it Ryksmuseum Amsterdam). It opskrift seit dat hy dan 38 jier is. At er dat wurden is yn 1542 dan is syn bertejier 1504, mar it kin ek 1503 wêze fansels. Hoe't men by 1505 kommen is wit ik ek net. Syn grêfstien yn'e tsjerke fan Mitselwier neamt gjin leeftiid. Gr. Drewes.
Eala Drewes, De boarne kin goed dat portret yn it Ryksmuseum wêze. Yn dat stik fan Wybenga dêr't 1504 en 1505 stiet, skriuwt er dat yn de katalogus fan it museum, út 1907, fan 1505 stiet. Ik wit net at dat in skriuwflater as printflater yn it boek fan Wybenga is, as dat it doe wier sa yn de katalogus stie, mar ik haw it op http://rijksmuseum.nl opsocht, en no stiet der 1504. Om't it hiele stik oer Ropta yn dizze Wikipedy kaam is trochdat Wybenga oernaam wie (<http://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ropta&oldid=526>), koe dat goed de boarne wêze, dat dan kinne wy oannimme dat it yndie 1504 wêze moat.
Mar wy binne gjin meiwurkers, hear, gewoan meidoggers. Ik sjoch der is no ek in Meidogger:Drewes. Ferjit net oan te melden foar it skriuwen; dat kin ek sa ynsteld wurde dat nei ien kear oanmelde it de oare kear fansels giet. Mysha
- Ik haw hjir ek noch in boekje Metslawier van toen... skreaun troch G. Jongeling en dy nimt ek 1504 as bertejier. Ik wit net hokker boarne hy hjir foar hat. Stiet wol in literatuerlist achteryn mei ûnder oaren de boeken oer Ald en Nij Fryslân fan Foeke Sjoerds. Op syn grêfstien stiet ek dúdlik syn stjerdei te lêzen, haw ik mar efkes oanpast. Theun 3 apr 2009, 21.16 (CEST)