Offalwetter
Offalwetter is in sammelbegryp foar húshâldlik en bedriuwsôffalwetter. Sûnt de ynwurkingtreding fan de Wet fersmoarging oerflakwetter (WVO, 1970) mei ôffalwetter net sûnder fergunning mei help fan in wurk (piip, pomp, gemaal) op it oerflaktewetter lost wurde. By de ôffier, suvering en lossing fan ôffalwetter binne alle oerheden belutsen op basis fan de Wet Miljeubehear, de Wet fersmoarging ôffalwetter, it lossingsbeslút WVO húshâldlik ôffalwetter en de Wetterskipswet. Alle regeljouwing is derop rjochte de loazing fan ôffalwetter oan betingsten te binen, alle ôffalwetter te suverjen en de suvering technysk te ferbetterjen, om it oerflaktewetter sa min mooglik te belêsten mei fersmoarging. Gemeenten moatte in rioelearringsplan opstelle. Se stribje nei skieding fan de ôffier fan húshâldlik ôffalwetter en himelwetter. Troch de oanlis fan skieden rioelsysteem fermindert it ferlet oan 'oerstoarten': lossingen fan rioelwetter op oerflaktewetter as de rioelkapaciteit te min is. Gemeenten soargje foar oansluting fan persielen op it rioel. Lizze de kosten fan oansluting boppe in fêststeld nivo dan moat in foarm fan yndividuele behanneling fan ôffalwetter tapast wurde. Wetterskippen eksploitearje de Fryske suveringsynstallaasjes en stelle yn oanslútferoarderings foarwearden oan de oansluting fan rioelsystemen op de suveringsynstallaasjes.