Ohm (ienheid)
De ohm (symboal: Ω, de Grykske haadletter omega) is de ôflate SI-ienheid foar elektryske wjerstân. De ohm is neamd nei Georg Ohm, in Dútske natuerkundige.
Utdrukt yn SI-ienheden: 1 Ω = 1 kgm2A-2s-3. De ynverse is de siemens.
As in elektryske spanning fan 1 volt oanlein wurdt oer in geliedend foarwerp (in tried bygelyks) en der ûntstiet dêryn in stroom fan 1 ampêre, dan hat dat foarwerp in wjerstân fan 1 ohm.
Wjerstân = Spanning:Stroomsterkte, yn symboalen:
Opskriften
bewurkje seksjeDe yn de elektroanika brûkte wjerstannen hawwe meastentiids in kleurkoade dy't de wearde oanjout. By in opskrift (ek op skeakelskema's) wurdt meastal net Ω, kΩ of MΩ brûkt, mar R, K of M, wêrby't de letter op it plak fan de komma stiet. Ynstee fan 4,7 kΩ stiet der dus 4K7. Wjerstân yn de ienheid Ω, Stroomsterkte yn de ienheid