De Oklahoma Book Award is in groep Amerikaanske literatuerprizen dy't sûnt 1989 elts jier troch it Oklahoma Center for the Book útrikt wurde foar literêre wurken dy't mei de steat Oklahoma te krijen hawwe, of wêrfan't de skriuwer yn Oklahoma wennet of wenne hat. Eltsenien mei ien of mear wurken nominearje foar in Oklahoma Book Award, mar de winners fan 'e prizen wurde útornearre troch in spesjaal ynstelde faksjuery. Yn kategoryen dêr't minder as fiif nominaasjes foar binne, wurdt dat jier gjin priis útrikt. Der binne seis reguliere kategoryen en trije spesjale prizen:
- bêste berneboek
- bêste jongereinboek
- bêste fiksje
- bêste non-fiksje
- bêste dichtbondel
- bêste omslachûntwerp of yllústraasjes
- spesjale prizen:
- de Arrell Gibson Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis)
- de Ralph Ellison Award (priis foar in ferstoarne Oklahomaanske skriuwer; net elts jier útrikt)
- de Director's Award (priis foar in wurk fan spesjale fertsjinste dat net goed ynpast wurde kin yn 'e reguliere kategoryen; net elts jier útrikt)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|