De Oksemerk is in plein en strjitte yn de âlde binnenstêd fan de Oeriselske haadstêd Swol. Wichtige gebouwen oan de Oksemerk binne de Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming mei syn ferneamde toer de Piperbus. Op Oksemerk 9 stiet in histoarysk pân, it Lokaal Atlas, dêr't op 26 augustus 1894 de SDAP oprjochte waard.

Oksemerk
Ossenmarkt
Efterkant fan de Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming oan de Oksemerk
Efterkant fan de Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming oan de Oksemerk
Oksemerk (Swol-Binnenstêd)
Oksemerk
De Oksemerk yn de 19e iuw
(Adrianus Eversen (1818-1897)