Oldersmastate
Oldersmastate of Lyts Feitsma wie in stins oan de Hege Hearewei besuden Feitsmastate en bewesten Hallum yn de gemeente Ferwerderadiel. By it stinzehiem stiet no in pleats.
It ûntstean is ûnbekend. Yn 1640 en 1698 wie Oldersma yn deselde hân as it oangrinzjende Feitsma. Yn 1640 wie it eigendom fan “kapitein Feitsma” dêr't it ek syn namme Lyts-Feitsma troch krige. Yn 1698 wie “Juffr. Lucia fan Eysinga” eigeneres fan beide states/pleatsen. Op de kaart út de midden fan de 17e iuw is dúdlik dat Oldersma doe in ienfâldige pleats wie. It goed wurdt dêr neamd om de stinswier dy't der yn 1718 efter ôfgroeven wurdt. Dat it sil ea mear west hawwe as in gewoane pleats. Yn 1728 wie it foar de helte eigendom fan “Mevr. Vos erven” en de oare helte fan Tjeerd Feddes dy't it gehiel yn gebrûk hie.
De kopy út 1734 fan in lânmjitting opdroegen troch Riverdt fan Feitsma fan Feitsmastate (sjoch Feitsmastate) jout ek de lannen fan Oldersmastate. It stateterrein wurdt dêrop al net mear omgrêfte werjûn en hjit yn it byskrift 'Oldersmasate'. De byhearrende lannen beslaan fjouwer perselen dy't as opstrekkende hiemen yn elkoars ferlingde lizze tusken de Hearewei en de seedyk. Krektas by de Feitsmastate hat Oldersma ek noch in stik lân oan de lânside fan de âlde seedyk yn ferbân mei de ûnskreaune (?) wet dat bûtendyks oanwûn lân, grinzjend oan it lân binnendyks, fansels eigendom waard fan de eigner fan dat binnendykse besit. Sjoch ek Jayemastate.
Yn 1832 wie Oldersma eigendom fan Taetske Cats, widdo fan Klaas Medendorp en dochter fan Ype Cats en Stijntje Oldersma. Stijntje wie in dochter fan Jan Gerrit Jentjes Oldersma en Taetske Tjeerds.
Eigeners
bewurkje seksje- 1640 Kapitein Feitsma
- 1698 Lucia fan Eysinga
- 1728 “Mevr. Vos erven” en Tjeerd Feddes 50/50
- 1734 Riverdt fan Feitsma ?
- Jan Gerrit Jentjes Oldersma en syn frou Taetske Tjeerds
- Ype Cats en syn frou Stijntje Oldersma
- 1832 Taetske Cats
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|