Ona Moody (Amsterdam, 29 july 1997) is in Nederlânsk-Simbabwaansk fotomodel en winneresse fan de Miss Nederlân 2022-wedstriid.

Moody waard berne yn Amsterdam en hat in Simbabwaanske heit en in Nederlânske mem. Se folge de Iepen Skoalmienskip Bijlmer en letter it Lucia Marthas Instituut voor Uitvoerende Kunsten yn Amsterdam.

Op 4 septimber 2022 stie se foar 10 oare kandidaten op Miss Nederlân 2022 yn Studio 21 yn Hilversum oer en helle de titel. Hja sil Nederlân fertsjintwurdigje by Miss Universe 2022.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Miss Nederlân 2022 is Ona Moody, pageantcircle.com, 4 septimber 2022