One World Trade Center

One World Trade Center (âldere namme en bynamme Freedom Tower, "Frijheidstoer") is de namme fan in gebou yn New York City dat yn 2013 reekaam en yn 2014 iepene waard. It stiet deunby it plak dêr't foarhinne de beide tuorren fan it World Trade Center stienen, dy't troch terroristyske oanslaggen op 11 septimber 2001 (9/11) ynstoarten. De toer is in ûntwerp fan boumaster Daniel Libeskind. Neist One World Trade Center binne 5 oare tuorren boud: WTC 7 dy't der al stie, 200 Greenwich, 175 Greenwich, 150 Greenwich en Tower 5.

One World Trade Center (midden).

Skiednis bewurkje seksje

Yn 't earstoan soe de toer de namme Freedom tower ("Frijheidstoer") krije. Yn maart 2009 keas de eigner, de havenautoriteit fan New York en New Jersey, foar de namme One World Trade Center omdat dat kommersjeel better wêze soe. [1] Dêr wie in protte krityk op.

Eigenskippen bewurkje seksje

De toer is boud yn 'e noardwesterhoeke yn in gebiet fan 6,5 hektare dêr't eartiids it World Trade Center stie. De toer is 1776 foet heech wurde, dat ferwiist nei it jier 1776, doe't it Amerikaanske Kongres de ûnôfhinklikens fan 'e Feriene Steaten útrôp. Nei it heechste dak is de toer 415 meter heech. Op 27 april 2006 waard begûn mei de fundearrings.

Yndieling bewurkje seksje

De toer hat 108 ferdjippings. De yndieling fan de toer is as folget[2]

  • Ferdjippings 1-19: sokkel fan de toer
  • 20-63: buro's
  • 64: Skylobby
  • 65-88: Buro's
  • 89-99: Meganyk
  • 100–101: Restaurant
  • 102: Utsichtplatfoarm
  • 103–108: Meganyk / Kommunikaasjeapparatuer
  • Dak: Iepen útsichtplatfoarm

Nijsgjirrichheden bewurkje seksje

  • Der is in monumint komme foar de Twin Towers. It monumint hjit reflecting absence en is ûntwurpen troch Michel Arad.
  • Der binne romtes yn de etaazjes ûnder de grûn dêr't minsken hinne kinne om 11 septimber te betinken. De twa kelderetaazjes binne oanlein op itselde plak dêr't de Twin Towers stienen.
Gallery

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Commons: 1 World Trade Center – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'One World Trade Center' valt slecht, 27 maart 2009, Trouw. Sjoen op 5 januari 2010.
  2. One World Trade Center by skyscraperpage.com, sjoen op 25 jannewaris