Ontmoetingskerk (Sappemeer)

De Ontmoetingskerk is in ier 20-iuwsk tsjerkegebou oan 'e Noorderstraat yn it Grinslânske Sappemeer.

Ontmoetingskerk
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Sappemeer
adres Noarderstrjitte
koördinaten 53° 09' N 6° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1910
monumintale status gemeentlik monumint
monumintnûmer 0018/41
Webside
PKN Hoogezand-Sappemeer
Kaart
Ontmoetingskerk (Grinslân)
Ontmoetingskerk

Nei de ofskieding waard yn 1835 yn Sappemeer troch 23 minsken in tsjerke stifte ûnder de namme 'Kristlik Ofskieden Grifformearde gemeente' (sûnt 1892: Grifformearde tsjerke). Oant yn 'e jierren 1840 holden hja temûk harren hûstsjinsten. Neffens it reglemint foar de Herfoarme tsjerke wiene der nammentlik gjin oare tsjerketsjinsten yn 'e gemeente tastien.

Yn 1843 krige de ôfskieden gemeente de tastimming om gear te kommen. Hja krigen yn 1850 in earste dûmny en de fermanje oan 'e Borgercompagniesterstraat waard fan 'e minnisten oernommen om dêr tsjinsten te fieren.

Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw wie it gebou te lyts woarn foar de waaksjende gemeente. Der waard in nije tsjerke boud oan 'e Noorderstraat, dy't yn 1910 iepene waard. Letter krige de tsjerke de namme 'Ontmoetingskerk'.

De tagong fan de fan reade bakstien boude tsjerke is fersierd mei in rûnbôgich raam mei glês-yn-lead. Dêrboppe de jiertallen fan 'e stifting fan 'e gemeente (1935) en de foltôging fan it tsjerkegebou (1910) en de tekst Bewaar uwen voet als gij ten huize gods ingaat (Preker 4:17a). De tsjerke is in gemeentlik monumint.

It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1917 troch de firma Standaart boud en op 29 juny 1917 yn gebrûk nommen. Standaart boude it oargel as in pneumatysk ynstrumint mei ien manuaal, tsien registers en oanhongen pedaal. Yn 2011 restaurearre de firma Van Putten it oargel, dat sûnt de bou gjin feroarings ûndergyng.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: