Oosthoeks Ensyklopedy
Oosthoeks Ensyklopedy is in Nederlânsk neislachwurk dy't yn mear as ien útfieringen ferskynd is:
- de lytse Oosthoek (2 edysjes: 1e 1964/65 yn 2 dln. en 2e 1976, ek yn 2 dln.).
- de grutte Oosthoek (7 edysjes, sjoch hjirûnder).
Der binne ek útfieringen mei lûdsfragminten.
De Oosthoek-ensyklopedy is in útjefte fan Oosthoek's Uitgevers Mij. N.V. te Utert, in bedriuw dat yn 1907 oprjochte waard troch A. Oosthoek (1876-1949) en yn 1970 fusearre mei de firma Kluwer. De ensyklopedy is in fuortsetting fan de troch Oosthoek oankochte "Vivat's Geïllustreerde Encyclopedie" (11 dln., Amsterdam, 1899-1908) en ferskynde fan 1916 ôf as "Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie". Sawol "Vivat" as de edysjes fan foar 1940 fan Oosthoek binne wat ynhâld en yllustraasjes oanbelanget basearre op it Dútske "Meyers (Konversations-)Lexikon". De 7de en lêstferskynde druk (1976-81) wie yn oerienstimming mei de tiidsgeast "De Grote Oosthoek" titele.
By Oosthoek ferskynde ûnder oaren ek de paperbackrige "Oosthoeks Lexicons". Elts diel dêrfan wie oan ien ûnderwerp wijd.
Edysjes
bewurkje seksjeEdysje | Titel | Dielen | Jier |
---|---|---|---|
1 | De Kleine Oosthoek | 2 | 1964–65 |
2 | De Kleine Oosthoek | 2 | 1976 |
Titel | Edysje | Haadredaksje | Dielen | Utjouwer |
---|---|---|---|---|
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie | 1e druk | Redakteur-Sekretaris: A.A. Pulle | 11 dln. 1916-1923. Supplemint (dl. 12) 1925 | Utert: Oosthoek |
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie | 2e druk | Redakteur-sekretarissen E.C.G. Brünner en H. F. Nierstrasz | 12 dln. 1925-32. Supplemint (dl. 13) 1934 | Utert: Oosthoek |
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie | 3de bywurke en oanfolde druk | Redakteur-sekretarissen: H.F. Nierstrasz en E.C.G. Brünner | 12 dln. 1932-39 | Utert: Oosthoek |
Oosthoek's Encyclopaedie | 4e druk | 15 dln. 1947-53. Suppleminten (dln. 16 en 17) 1955 en 1957 | Utert: Oosthoek. | |
Oosthoeks Encyclopedie | 5e druk | 15 dln. 1959-64. Supplemint (dl. 16) 1966 | Utert: Oosthoek | |
Oosthoeks Encyclopedie | 6e druk | Jac L. Griep en J.A. van Houtte | 15 dln. 1968-73. 4 Suppleminten (dl. 16-19) | Utert: Oosthoek |
De Grote Oosthoek. Ensyklopedy en wurdboek | 7e útjefte | Jac L. Griep en J.A. van Houtte | 20 dln. 1976-81. Atlas (dl. 21), 1978. Suppleminten 1 en 2 1981, 1985 | Utert: Oosthoek |