Opblaaspop
In opblaaspop is in opblaasbere pop, dy't ferskillinde tapassings hawwe kin, mar fral foar seksuele doelen brûkt wurdt. Se wurde ferkocht yn seksshops en kinne brûkt wurde foar sabeare geslachtsferkear.
De measte opblaaspoppen hawwe trije "leafdestunnels": de fagina, anus en mûle. Opblaaspoppen binne fan plestik; djoerdere binne tsjintwurdich fan silikoanen makke. De lêsten binne lykwols massyf en fiele folle echter oan en de geslachtsdielen binne anatomysk korrekt oanbrocht.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sex dolls fan Wikimedia Commons. |