Opdracht (earbewiis)

In opdracht is yn it ramt fan 'e skiene keunsten in earbewiis of huldeblyk oan immen yn 'e foarm fan in keunstwurk. Men kin dan tinke oan in stânbyld, skilderij, boek (fiksje of non-fiksje), gedicht, muzykstik, film, ôflevering út in tillefyzjesearje of fideospultsje, om mar wat te neamen. Sa'n opdracht is in foarm fan erkenning foar dejinge oan wa't it wurk opdroegen wurdt. De term 'opdracht' wurdt yn dit ferbân ek brûkt foar it spesifike stikje tekst wêryn't it earbewiis beskreaun wurdt, bgl. foaryn in boek.

Wurken wurde gauris opdroegen oan 'e persoan dy't opdracht jûn hat ta it meitsjen en/of dy't foar it meitsjen betelle hat, of oan immen dy't de makker ta it meitsjen ynspirearre hat. Yn dat lêste gefal kin it in god wêze of in muze (yn letterlike of figuerlike sin). Fierders komt it faak foar dat wurken opdroegen wurde oan immen dy't dêr op 'e iene of oare wize by belutsen west hat, mar dy't foar de foltôging kommen is te ferstjerren. Ek it opdragen fan wurken oan 'e oarehelte fan 'e makker of oan ien of mear famyljeleden fan 'e makker komt in protte foar. Yn 'e muzykwrâld wurdt in stik wol opdroegen oan 'e dirigint of musikus dy't it foar it east útfiert. Yn 'e wittenskip wurde proefskriften faak opdroegen oan (eardere) learmasters.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.