Operaasje Bodenplatte
Operaasje Bodenplatte wie in loftoanfal fan de Dútske Luftwaffe op fleanfjilden fan de alliearden yn Nederlân, Belgje en Frankryk op 1 jannewaris 1945 tidens de Twadde Wrâldkriich. De bedoeling wie om de alliearde loftmachten sa te ferswakjen dat it Dútske leger en de Waffen-SS it Ardinnenoffinsyf trochsette koenen. De operaasje wie pland foar 16 desimber 1944 mar koe om it minne waar pas op Nijjiersdei útfierd wurde.
De Dútsers slaggen deryn in protte alliearde fleanmasines op de grûn te ferneatigjen, mar om't hja sels in protte piloaten ferlearen en yn de loft eins nea de oerhân krigen, wie de skea by einbeslút grutter as de winst. Bodenplatte wie it lêste grutskalige offinsyf fan de Luftwaffe tidens de kriich.