Optimist (sylboat)
Optimist | |||
| |||
Lingte | 2,30 m | ||
Breedte | 1,15 m | ||
Djipgong | 0,65 m | ||
Gewicht | 35 kg | ||
Bemanning | ienpersoans | ||
Seiloerflak | 3,5 m² | ||
Untwerp | Clark Mills | ||
Jier | 1947 |
De Optimist is een ienmans jeugdsylboat. Optimisten hawwe in spriettúch, in seiloerflakte fan 3,5 m² en binne 2,30 lang x 1,15 breed. De boat is ienfâldich sels te bouwen. Tsjintwurdich binne de measte optimisten fan polyester makke, mar se kinne ek fan hout wêze. De mêst, gyk en spriet binne meastentiids fan aluminium makke, mar kinne ek fan hout wêze.
De Optimistklasse is de grutste wedstriidklasse, nasjonaal mar ek ynternasjonaal. Bern mei wedstiidsile yn de Optimist oant en mei it kalenderjier wêryn't se fyftjin jier wurde. Dêrnei stappe se faak oer op in oare ienmans jeugdsylboat lykas de Splash, de Europe of de Laser.
Histoarje
bewurkje seksjeDe Optimist is mear as 50 jier ferlyn yn de Feriene Steaten foar it earst boud as goedkeape sjippekiste op it wetter foar in jeugdsylferiening dy't Optimist hiet. Yn 1968 dienen 14 lannen mei oan de earste wrâldkampioenskippen yn dizze sylklasse.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |