Oranjerats
Oranjerats, ek wol woartel en sipels as hutspot neamd, is typysk winteriten. It wurdt makke troch jirpels, woartels (meastal winterwoartel) en sipels by elkoar hielendal gear te koitsjen en dêrnei te stampen ta in stamppôt. It krige syn namme troch de kleur fan de woartels.
Oranjerats wurdt meast iten mei sean klapstik, gehak of al as net rikke speklapkes wêrby't de woartels en sipels dan yn it kôkfocht garre wurde.
Oranjerats bestie as gerjocht al yn de lege lannen foardat de jirpel yn Europa bekend wie. En mooglik ek foardat de woartel, dy't út Afganistan komt, hjir húsriem waard. De oaranjerats dy't yn 1574 by it Leiensk ûntset iten waard, hie pastinaak as basis.