Oranjestêd (Sint-Eustasius)
Oranjestêd (Nederlânsk en offisjeel: Oranjestad) is it haadplek fan Sint-Eustasius, in eilân dat ta Karibysk Nederlân heart. It doarp is einliks it ienichste plak fan it eilân, der wenje likernôch 1.000 ynwenners. Oranjestêd leit oan de westkant fan it eilân oan de Oranjebaai. De stêd is te ferdielen yn in ûnderstêd en in boppestêd. De ûnderstêd leit oan it wetter en is it histoaryske diel fan de stêd. Hjir binne âlde ruïnes út de koloniale tiid te finen. De boppestêd leit op in 40 meter hege klif en is it kommersjele sintrum fan de stêd, ek is dit part fan de stêd it gebiet wêr’t in protte minsken wenje. De beide stêdsdielen binne mei elkoar ferbûn troch it Baaipaad.
Oranjestêd | ||
Fort Oranjestêd út de 17e iuw is no noch it sintrum fan it stedsje. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Lân | Karibysk Nederlân | |
Eilan | Sint-Eustasius | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.000 | |
Oar | ||
Stifting | 1636 | |
Koördinaten | 17° 29' NB, 62° 59' WL |
Yn de 17e en 18e iuw wie Oranjestêd it wichtichste hannelssintrum yn de omkriten. Mar fan it begjin fan de 19e iuw ôf namen de hannelsaktiviteiten ôf.
Wichtige plakken en gebouwen
bewurkje seksjeYn Oranjestêd binne tal fan plakken dy’t fan histoarysk belang binne. Bygelyks:
- Fort Oranje. De grutte attraksje fan Sint-Eustasius. It fort stiet yn it sintrum fan de stêd en is in âld ferdigeningsfort út 1636 dat noch altyd yn in goeie steat is.
- De Honin Dalim Synagoge: Dizze synagoge is it op ien nei âldste op it westlik healrûn, it waard boud yn 1739.
- De Nederlânske Herfoarme Tsjerke: Dizze tsjerke waard boud yn 1755. De toer fan de tsjerke kin beklom wurde.
- It Histoarysk Museum: It museum is fêstige yn in âld gûverneurshûs út de 18e iuw.
Fasiliteiten
bewurkje seksjeOmdat Oranjestêd einliks it ienichste plak op Sint-Eustasius is binne hjir ek de measte fasiliteiten fan it eilân. Sa beskikt it plak oer inkele winkels, in skoalle, in sikehûs en oerheidsgebouwen. Nei de winkels fan Oranjestêd komme in protte minsken fan it buoreilân fan Sint-Eustasius, Sint-Kits, omdat tal fan produkten hjir goedkeaper binne as op harren eigen eilân. Ek stiet yn Oranjestêd in universitêr medysk sintrum, mei likernôch 100 studinten.