Orwell (rivier)
De Orwell is in rivier yn it Ingelske greefskip Suffolk. De bopperin (boppe de ynfloed fan it tij) is ek bekend ûnder de namme Gipping. De rivier ferbredet him by Ipswich ta in estuarium en mûnet by Felixstowe yn de Noardsee út.
De Ingelske skriuwer Eric Blair hâlde bot fan de rivier en ûntliende syn skûlnamme George Orwell oan de riviernamme.
De Orwell wurdt in protte op syld. It doarpke Pin Mill, mei syn jachthaven, is ferneamd fan twa berneboeken fan Arthur Ransome dy't harren dêr ôfspylje: We Didn't Mean to go to Sea und Secret Water. Yn de jierren 1970 - 80 binne der jachthavens iepene yn Levington (Suffolk Yacht Harbour), Woolverstone, Fox's (justjes bûten Ipswich) en twa yn it âld Ipswich Wet Dock.