Osaka (大阪市, Ōsaka-shi, letterlik 'grutte hichte') is de op twa nei grutste stêd fan Japan, mei sa'n 2,7 miljoen ynwenners. Fanwege it grutte tal skoallen, winkels en bedriuwen giet it tal minsken fan Osaka deis omheech nei ûngefear 3,7 miljoen. Yn Osaka wurdt faak sprutsen oer de saneamde "deipopulaasje" (3,7 miljoen ynwenners) en "nachtpopulaasje" (2,7 miljoen ynwenners). Yn de agglomeraasje/stêdekloft Grut-Osaka, dy't njonken Osaka ek Kioto en Kobe beslacht, wenje sa'n 20 miljoen minsken. Osaka leit op it eilân Honshu, op it plak dêr't de rivier Yodo útmûnet yn in de baai fan Osaka. De stêd is teffens haadstêd fan de prefektuer Osaka.

Osaka
大阪市, Ōsaka-shi
Polityk
Lân Japan
Regio Kansai
Prefektuer Osaka
Boargemaster Tōru Hashimoto
Sifers
Ynwennertal 2.687.456 (2015)
Oerflak 222,30 km²
Befolkingsticht. 12.100 / km²
Stêdekloft ± 20 miljoen
Oar
Tiidsône UTC+9
Offisjele webside
Webstee Osaka-stêd
Lizzing fan Osaka yn de prefektuer Osaka

Osaka is fanâlds in hannelsstêd, wie wol bekend as de "koken fan it lân" (天下の台所 tenka no daidokoro?) en wie it sintrum foar de hannel yn rys yn it Edo-tiidrek.

 
De wiken fan Osaka

Osaka hat 24 wiken (ku) :