Eastfrysk Museum

(Trochferwiisd fan Ostfriesisches Landesmuseum)

It Ostfriesisches Landesmuseum (Eastfrysk Museum) is in regionaal museum yn Emden dêr't benammen omtinken jûn wurdt oan kulturele/skiedkundige saken út Emden, East-Fryslân en harren betsjutting yn de Europeeske kultuerskiednis.

Riedhûs mei it Eastfryske Landesmuseum
It logo fan it museum
Haadyngong

Op 26 maart 1820 setten seis manlju út Emden de kolleksje "Gesellschaft für bildende Kunst und vaterländische Altertümer zu Emden" op om keunstskatten út privee-kolleksjes tentoan te stellen. Reden wie de al earder begûne útferkeap fan kulturele guod yn oare regio's. Yn 1833 waard in eigen tentoanstellingsgebou oankocht. Dit East-Fryske Lânmuseum is it âldste museum yn East-Fryslân.

Yn 1934 krige it syn hjoedddeiske namme. Troch opslach yn de Twadde Wrâldoarloch koe hast de hiele kolleksje rêden wurde. Yn 1962 waarden de "Gesellschaft für bildende Kunst und vaterländische Altertümer e. V." feriene mei de stêd Emden en sûnttiids binne se te sjen yn it werboude stedhûs fan de stêd.

Yn de jierren 2003 - 2005 is it museumgebou renovearre en wie doe meast ticht. De kosten fan de ferbouwing bedroegen mear as acht miljoen euro. Op 6 septimber 2005 waard de weriepening yn Emden fierd. Sûnttiids wurdt rekken hâlden mei de nijste edukative ynsichten foar museums. Yn it earste jier nei de ferbouwing, 2006, kamen der 80.000 besikers, in nij record foar in stêd fan 100.000 ynwenners.

Permaninte tentoanstelling

bewurkje seksje

It Landesmuseum is in regionaal museum mei in fokus op Emden, Fryslân en Europa. It giet oer de geografyske en kulturele skiednis fan it (East-) Fryske kustgebiet en de skiednis fan de stêd Emden en de situaasje fan Europese thema's troch de iuwen hinne. It Museum hat in grutte kolleksje midsiuwske harnassen, mar ek snij- en stekwapens fan lettere tiid. Dizze skylden en wapens út de fyftjinde en sechtjinde iuw waarden yn Emden droegen troch de boargerwacht. De permaninte tentoanstelling is ferdield yn sân tema's:

Prehistoarje en Iere Skiednis (fynsten út East-Fryslân út it Neolitikum oant de Midsiuwen mei it feanlyk fan Bernuthsfeld), skilderijekolleksje (Nederlânske skilderkeunst fan de 17de iuw), grafysk kabinet (histoaryske stedskaarten en printen), samling fan bylden, sulverôfdieling, muntekabinet en de earder neamde gemeentlike wapenkeamer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: