Ostrava is mei 310.000 ynwenners de tredgrutste stêd fan Tsjechje. It leit op de grins fan de histoaryske regio's Moraavje en Sileezje. FC Baník Ostrava is it wichtichste fuotbaltiim fan de stêd. Ostrava hat trije universiteiten. Nijsgjirrich foar jongerein is de Stodolní ulice dêr't sa'n 60 kafee's en disko's binne.

Ostrava
Bestjoer
Lân Tsjechje
Regio (kraj) Moraavje-Sileezje
Distrikt (okres) Ostrava-město
Boargemaster Petr Kajnar
(2006–2010, 2010–2014)
Sifers
Ynwennertal 310.464 (2011)
Oerflak 214 km²
Befolkingsticht. 1.450 / km²
Stêdekloft 1.164.328; 3.896 km²
Hichte 260 m
Oar
Stifting 1267 (stedsrjocht)
Offisjele webside
www.ostrava.cz
Logo fan de stêd

Ostrava is gadingmakker foar de titel fan Kulturele haadstêd fan Europa 2015.

Ostrava leit yn it easten fan Tsjechje en yn it noardeasten fan Moraavje. De stêd leit 15 km súdlik fan de grins mei Poalen en 55 km westlik fan de grins mei Slowakije. Tusken de Sudeten en de Beskiden yn de noardlike útgong fan de Moravyske Poarte leit de stêd oan de histoaryske grins tusken Moraavje en Sileezje.

Ostrava leit yn de Moravyske Poarte oan in tige âlde hannelsrûte, de Barnstienrûte. Archeologyske fynsten docht út bliken dat de omkriten fan Ostrava al 25.000 jier foar fêst bewenne west hat. De earste fernijingen fan de stêd binne fan 1229 (Silezysk Ostrava) en 1267 (Moravysk Ostrava), mar Ostrava syn ûntjouwing kaam earst nei 1763 goed op gong. Dat jier waard de stienkoal fûn dy't fan Ostrava in wichtich mynbousintrum makke mei in grutte oanrin fan nije ymmigranten. Yn de 19e iuw kaam ek de stielyndustry op. Yn de Twadde Wrâldkriich hat Ostrava – as in belangrike stielleveransier foar de wapenyndustry – slim te lijen hân fan ferskate swiere bombardeminten.

De lêste myn is wilens yn 1994 ticht gien. Ek in grut part fan de metaalyndustry is sûnt de Flewielen Revolúsje fan 1989 ferdwûn. De wurkleazens is dêr dan ek heger as in oare parten fan it lân (18,4% yn 2004). De stielprodusint Vitkovice Steel, part fan de Evrazgroep is ek fêstige yn Ostrava. Netsjinsteande it ferdwinen fan de swiere yndustry bliuwt Ostrava ien fan de meast fersmoarge stêden fan de EU.

By de stêd leit in ynternasjonaal fleanfjild mei de namme Leoš Janáček Airport Ostrava . Foar it iepenbiere ferfier yn de stêd hat Ostrava in tramnetwurk, ferskate trolleybussen en gewoane buslinen.

Ostrava leit oan de wichtichste treinferbining tusken Wenen en Warsjau, en de stêd hat in direkte spoarferbining mei Praach.

1970 1975 1980 1985 1990 1995 2000 2005 2010
279,209 300,799 326,929 327,608 331,466 324,813 320,041 310,078 311,419