Otto Lilienthal
Otto Lilienthal (Anklam, 23 maaie 1848 – Berlyn, 10 augustus 1896) wie in Dútske útfiner en ûntwerper fan ferskate sweeffleanmasines. Hy is ien fan de loftfeartpioniers. Syn tastellen binne foarrinners fan de fleanmasine.
Nei syn oplieding oan in technyske skoalle yn Potsdam begûn er mei syn eksperiminten yn 1867.
Yn 1891 makke er foar it earst in sweefflecht fan mear as 25 meter. Yn 1893 makke er al glydflechten fan 250 meter en yn 1896 makke er in flecht mei in dûbeldekker. Yn Berlyn (Lichterfelde West) is it Otto Lilienthal-park fêstige dêr't er 15 meter hege keunstmjittige hichte makke hie mei dêryn in hangar. Dêr makke er tal fan proef- en testflechten, sadat dizze hichte al rilke gau in soad minsken luts. Hjoeddeisk stiet der op de top in betinkingsmonumint foar Lilienthal.
Lilienthal rekke yn 1896 swierferwûne by in sweefflecht dy't mislearre en stoar de oare deis. Op syn stjerbêd soe er de wurden: "Opfer müssen gebracht werden!" ("Offers moatte brocht wurde!") sprutsen hawwe. Letter die bliken dat er dizze wurden earder yn in oar ferbân brûkt hie.
De bruorren Orville en Wilbur Wright makken tankber gebrûk fan syn witten fan it fleanen en makken sels ferskate flechten yn syn sweefmasines. De bruorren bouden sels ek sweeffleanmasines en doe't dat goed betearde setten hja der in motor yn. Mei it sa ûntstiene tastel, de "Flyer" makke hja de earste motorisearre flecht op 17 desimber 1903.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Otto Lilienthal fan Wikimedia Commons. |