Oud-Wulven
Oud-Wulven is in buorskip yn de gemeente Houten, yn de provinsje Utert. It leit krekt benoarden Houten. Tichtby Oud-Wulven binne de ruïnes fan Kastiel Oud-Wulven.
Yn 1811 waard Oud-Wulven by de gemeente Houten foege. Yn 1816 foarmen Oud-Wulven, Waijen, Wulven, Heemstede en de gerjochten Slachtmaat, de Grutte en Lytse Koppel en Maarschalkerweerd de gemeente Oud-Wulven.
Op 1 jannewaris 1858 waarden de gemeenten Houten, Oud-Wulven en Schonauwen gearfoege ta ien nije gemeente Houten.
Houten | ||
---|---|---|
Doarpen: Houten • 't Goy • Schalkwijk • Tull en 't Waal | ||
Buorskippen: Honswijk • Oud-Wulven | ||
· · |