Pûsjkino (Russysk: Пушкино) is in stêd yn 'e oblast Moskou op likernôch 30 kilometer noardeastlik fan it Reade Plein yn de Russyske haadstêd Moskou. De tichtstbylizzende stêd is it seis kilometer eastlik lizzende Ivantejevka.

Pûsjkino
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Moskou
Sifers
Ynwennertal 109.816 (2022)
Oerflak 60,33 km²
Befolkingstichtens 1820,26 ynw./km²
Hichte 160 m
Oar
Stifting 1499
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 56° 01' N 37° 51' E
Webside Side fan de stêd

Skiednis bewurkje seksje

As delsetting is Pûsjkino sûnt 1498 skriftlik ûnder de hjoeddeiske namme bekend. It plak wurdt fakentiden betiizge mei it russyske wurd pûsjka, oerset yn it Frysk 'kanon' (yn de kontreien wie in wapenjitterij aktyf). Lokale histoarisy geane der fan ût dat de namme ôfstamt fan de famyljenamme fan de 14e-iuwske lânbesitter, de bojaar Grigori Mortsjinin-Pûsjka. Dy wie in foarfaar fan de ferneamde dichter Aleksander Pûsjkin, dy't sels lykwols mei it plak fierder neat fan dwaan hie.

 
It simmerteäter

Lange tiid bleau Pûsjkino in ûnbekend plakje, mar yn it midden fan de 19e iuw krige it wat ekonomyske betsjutting troch de fêstiging fan in tekstylfabryk. Ek de oanlis fan it spoar tusken Moskou-Jaroslavl-Arkhangelsk yn de jierren 1860 droech by oan de yndustriële ûntjouwing fan Pûsjkino.

Ien fan de grutste bedriuwen fan it 19e-iuwske Pûsjkino wie dy fan de yndustrieel Evgeni Ivanovitsj Armand, famylje fan kommuniste Inessa Armand, ien fan de meast machtige frouwen yn it revolúsjonêre Moskou nei de fal fan it tsarendom.

Troch de moaie ûmjouwing, de geunstige lizzing foar Moskou oer en goede ferbiningen waard Pûsjkino in populêr plak om de frije tiid troch de bringen en lieten rike boargers fan Moskou dêr harren datsja's bouwe. Yn it ramt fan de toeristyske ûntwikkeling krige de stêd yn 1896 in simmerteäter, dat troch foarstellings fan ferneamde keunstners (Leonid Sobinov, Konstantin Stanislavski, Fjodor Sjaljapin) bekendheid krige.

Yn 1925 krige it doarp, dat doe ûnderwilens mear as 3.000 ynwenners hie, yn it ramt fan in weryndieling stedsrjochten. Oant de dei fan hjoed is Pûsjkino in plak dêr't Russen simmerdeis graach wêze meie.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

 
Tsjerke fan de Hillige Geast
Jier Ynwennertal
1897 2.000
1939 21.081
1959 30.035
1970 48.418
1979 68.518
1989 75.847
2002 72.425
2010 102.874
2022 109.816

Ekonomy en ferkear bewurkje seksje

Pûsjkino hat noch altiten namme as yndustrystêd. It aksint leit op de tekstyl-, de elektro- en meubelyndustry en de fabrikaazje fan apparaten. Pûsjkino hat in ûndersyksynstitút foar boskbou en yn de omkriten is de haadkampus fan de russyske Universiteit foar Toerisme en Tsjinstferliening.

De stêd leit oan it spoar fan Moskou nei Jaroslavl. Pûsjkino wie yn 1929 ien fan de earste plakken yn de Sovjet-Uny dy't in elektrifisearre spoarferbining krige.

Pûsjkino hat in goede oansluting op de autowei M8, de saneamde Jaroslavskoje Sjosse.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Puschkino