PC 1975
De PC fan 1975 waard op woansdei 30 july ferkeatst. De 118de edysje waard wûn troch it partoer fan Johan van Seijst fan Drachten, Klaas van Wieren fan Berltsum en Jetze Faber fan Stiens.
Ferrin
bewurkje seksjeDe striid wie in heale oere te let begûn, om't it perk ferkeard lein wie, dêr't de perkspylders troch tsjin sinne en wyn yn spylje moasten. Letter moast troch feroare fan de loft it perk nochris ferlei wurde. De finale waard ferkeatst tusken de partoeren fan Piet de Jong, Johan Halbesma en André Roosenburg en fan Johan van Seijst, Klaas van Wieren en Piet Jetze Faber. It lêstneamde partoer wûn; in oerwinning dêr't alle trije tige wiis mei wienen. Johan van Seijst waard keazen ta kening.
Fiifhûndert gûne
bewurkje seksjeIn Frjentsjerter juwelier hie tasein de winner elts fiifhûndert gûne te jaan, mar yn de finale hienen de spylders dêr net om spile. De beide partoeren hienen yn it foar al ôfpraat it jild trijehûndert om twahûndert te ferpartsjen.
Sjoch ek
bewurkje seksje- PC.