Politike Partij Radikalen
De Politike Partij Radikalen ( PPR) wie in Nederlânske politike partij dy‘t yn april 1968 oprjochte waard troch in oantal leden fan de Katolike Folkspartij (KVP) en de Anty-Revolúsjonêre Partij (ARP), dy‘t it net iens wienen mei harren partij. De PPR hat fan 1972 oant 1977 diel útmakke fan it kabinet Den Uyl en is yn 1989 opgong yn GrienLinks.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de lanlike polityk wurke de PPR faak gear mei de PvdA, op gemeentlik en provinsjaal nivo waard ek gearwurke mei de lytsere Pasifistysk Sosjalistyske Partij (PSP) ûnder de namme Progressyf Akkoart. Foar de lanlike ferkiezings fan 1971 en 1972 waard diels in mienskiplik program “Kearpunt” opsteld troch PvdA, PPR en D66. Hja stribben nei in progressyf kabinet en kamen foar de ferkiezings mei it “Skaadkabinet Den Uyl”. By de Twadde Keamerferkzieings fan 1971 helle de PPR twa sitten, wylst hja op mear rekkene hienen.
By de ferkiezings fan 1972 makken hja mei listoanfierder Bas de Gaay Fortman in grutte sprong fan twa nei sân sitten. De partij rjochte har ûnder oaren op ûntwikkelingsgearwurking, miljeu en ûntwapening. De PvdA, PPR en D66 hellen mei har trijen 56 sitten yn de Twadde Keamer en foarmen mei de ARP en KVP it kabinet Den Uyl, it meast linkse kabinet dat Nederlân ea hân hat. De PPR levere de ministers Harry van Doorn (Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik wurk (CRM) en Boy Trip (Wittenskipsbelied) en steatssikretaris Michel van Hulten (Ferkear en Wettersteat). Bas de Gaay Fortman waard de fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer.
By de Keamerferkiezings fan 1977 waard Ria Beckers de earste froulike Nederlânske listoanfierder. De ferkiezingsstriid gong yn 1977 tusken Joop den Uyl (PvdA) en Dries van Agt (CDA) en dat betsjutte dat de lytse linkse partijen in soad sitten ferlearen. De PPR belâne fan sân op trije sitten.
Yn de jierren tachtich wie de PPR tsjin de kearnwapens mar der kamen ek hieltyd mear mieningsferskillen tusken de leden oer de takomst fan de partij. Yn 1989 gong de PPR diel útmeitsjen fan GrienLinks, in gearwurking fan PPR, PSP, Kommunistyske Partij fan Nederlân (CPN) en Evangelyske Folkspartij (EVP). De partij hie op har hichtepunt rom 13.000 leden. Yn 1989 wienen der noch in lytse 6.000 oer.
By de steateferkiezings fan 1974 en de Keamerferkiezings van 1972 (Fryslân 3,2%, Nederlân 4,8% ) bleau it oantal PPR-stimmers yn Fryslân ûnder it lanlike persintaazje. Wol slagge it de PPR yn in oantal gemeentes yn in trochbraak te berikken yn benammen KVP-fermiddens, eat dat de PvdA dêrfoar net slagge wie (ûnder mear yn Haskerlân). De bekendste provinsjale fertsjintwurdiger fan de PPR wie pater Marinus Agterberg út Wytmarsum, dy ‘t fan 1973 oant 1977 yn de Earste Keamer sitten hat.
Literatuer
bewurkje seksje- Klaas-Wybo van der Hoek en Hans Schoen, Narren in domineesland, útj. PPR-Studiestichting, Amsterdam (1988)
- Henk Waltmans, Niet bij rood alleen : vijftien jaar Nederlandse politiek en de geschiedenis van de PPR (1983)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|