Strjitte fan Palk

(Trochferwiisd fan Palk Strjitte)

De Strjitte fan Palk is in seestrjitte tusken de Yndiaaske steat Tamil Nadu en de eilânsteat Sry Lanka. De strjitte ferbynt de Golf fan Bengalen (yn it noardeasten) mei de Golf fan Manar (yn it suden) en is 64 oant 137 kilometer wiid. Ferskate rivieren mûnje yn de strjitte út, û.o. de Vaigai.

Palkstrjitte
Foto fan de NASA dêr't de Rama Setu dúdlik op sichtber is

Sommige hindoes tinke dat de seebanken, de Adamsbrêge dy't yn Ynje de Rama Setu neamd wurdt, yn de see-ingte boud binne troch Rama en syn apeleger. Doe't de Yndiaaske regearing yn it plan opfette dy seebanken te kanalisearen protestearre de hindoeïstyske partij BJP hjirtsjin. De regearing hat doe ûndersocht oft Rama wier bestien hat. Der waarden gjin archeologyske of histoaryske boarnen fûn dêr't grutte lilkens op ûntstie, en twa direkteuren fan de archeologyske tsijnst troch de minister fan Kultuer, Ambika Soni, ûntslein waarden.

De strjitte is ferneamd nei Ingelske gûverneur fan de provinsje Madras Robert Palk (1755–1763).