Pantaléontsjerke (Sint-Petersburg)

De Pantaléontsjerke (Russysk: Пантелеимо́новская це́рковь, Panteleimonovskaja tserkov) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn it histoaryske sintrum fan Sint-Petersburch. De tsjerke is in barok monumint út de 18e iuw en joech de namme oan 'e tichteby lizzende brêge oer de Fontanka. Eartiids wie ek de Ulitsa Pastelja, dy't fan de rivier nei de Transfiguraasjekatedraal rint, nei de tsjerke ferneamd.

Pantaléontsjerke
Пантелеимо́новская це́рковь
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Sint-Petersburch
koördinaten 59° 56' N 30° 20' E
Arsjitektuer
arsjitekt Ivan Korobov
boujier 1735-1739
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 781520294820006
Webside
spb-21279.cerkov.ru
Kaart
Pantaléontsjerke (Sint-Petersburch-Sintrum)
Pantaléontsjerke

Yn 1718 joech Peter de Grutte opdracht in kapel te bouwen foar it wurkfolk fan 'e skipswerf by it Simmerpark, in grut park dat yn it sintrum fan 'e stêd tusken 1704 en 1719 oanlein is. De houten kapel waard boud ta neitins fan 'e Russyske oerwinning yn 1714 op Sweden by Hanko en 1720 by de Ålâneilannen yn 'e tiid fan 'e Grutte Noardske Kriich. Beide oerwinnings foelen op 'e feestdei fan 'e hillige Pantaléon.

De kapel waard yn 'e jierren 1735-1739 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. De nije tsjerke waard op 27 july 1739 (7 augustus op de Gregoriaanske kalinder) ynwijd. It wie lykwols net in ferwaarme tsjerke en dêrom waard yn 1764 noch in oan Katarina wijde ferwaarme kapel tafoege, dy't yn 1783 nei de refter ferhûze.

Yn 'e jierren 1833-1834 wenne de dichter Aleksander Pûsjkin foar de tsjerke oer en hy besocht de tsjerke regelmjittich.

Tusken 1835-1836 folge in ferbouwing yn 'e empirestyl ûnder lieding fan Vincent Beretti en yn 1840 waarden de gevels fersierd mei bas-reliëfs. De lêste útwreidings fûnen yn 1895-1896 plak.

Nei de revolúsje waard de tsjerke yn gebrûk nommen troch de Libbene Tsjerke, mar op 9 maaie 1936 folge de sluting foar de earetsjinst. Yn 'e jierren 1930 wiene der plannen om de tsjerke ôf te brekken, mar yn stee dêrfan waard de tsjerke as nôtopslach brûkt en as tekstylfabryk.

Sûnt 1980 wie de tsjerke in oan seeslaggen wijd museum.

Yn 'e Sovjet-tiid gie it ynterieur hielendal ferlern. Allinne in ikoan fan 'e hillige Pantaléon bleau bewarre.

De tsjerke waard yn 1991 wer oan it bisdom Sint-Petersburch werom jûn. De earste tsjinsten sûnt de sluting fûnen yn 1995 plak. Sûnt 2002 waard de tsjerke restaurearre en yn 2007 waard útein set mei it beskilderjen fan it ynterieur.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Пантелеимоновская церковь (Санкт-Петербург)