Pappos fan Aleksandrje

Pappos fan Aleksandrje (Ald-Gryksk: Πάππος ὁ Ἀλεξανδρεύς) (± 290 - ± 350 nei Kr.) wie ien fan de lêste grutte âld-Grykske wiskundigen út de Lette Aldheid. Yn in tiid dat de wiskundestúdzje frijwat heakke, pykte Pappos derút.

Titelblêd fan Pappos syn Mathematicae Collectiones, oerset fan Federiko Kommandino (1589).

Hy is ferneamd fan syn Synagoge of Collectiones (sa'n 340) en om de nei him ferneamde seishoekestelling fan Pappos út de projektive mjitkunde. It Byzantynske leksikon Suda befettet oar wurk fan Pappus. Pappus skreau ek kommintaren op Euklides syn Eleminen en op Ptolemaeus syn Ἁρμονικά ('Harmonika').
Utsein wat er sels skreaun hat is der neat oer him witten. Hy joech ûnderrjocht yn Aleksandrje en hy hie in soan, Hermodorus.[1]

Mathematicae Collectiones ('wiskundige samlingen'), syn meast ferneamde wurk, is in kompindium fan de wiskunde yn acht dielen, dêr't it grutste part fan de tiid trochstien hat. It wurk beslacht in breed skale fan ûnderwerpen, dêr't mjitkunde, rekreative wiskunde, ferdûbeljen fan de kubus, mearhoeken en mearflakken by binne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pierre Dedron, J. Itard (1959) Mathematics And Mathematicians, Vol. 1, s.149 (yn it Ingelsk oerset troch Judith V. Field) (Transworld Student Library, 1974)