Paser Krúswurdriedselstêle
De Paser Krúswurdriedselstêle is in âlde Egyptyske kalkstiennen stêle út de 20e dynasty. It waard boud troch Paser, sawat 1150 foar Kristus, ûnder it bewâld fan farao Ramses VI.
De tekst fan de stêle is in hymne (lofsang) oan de goadinne Mut. It is boud om horizontaal, fertikaal en rûnom lêzen te wurden, dus trije kear. De tekst makket it brûken fan in komplekse folchoarder fan inkele hiëroglifen en in pear hiëroglyfblokken mooglik, mei spesjaal gebrûk fan hiëroglifen, wurdboarterijen, dûbelde boaiiems, techniken dy’t populêr wiene yn âlde Egyptyske geskriften. It reaster yn krúswurdpuzelstyl wie oarspronklik blau ferve. De hiëroglifen binne ynsnien, yn fersonken reliëf.
De stêle foarme oarspronklik in fertikale rjochthoeke fan 67 by 80, mar is no flink skansearre, benammen oan de basis en de rjochterkant. In fjouwerkant stik fan ûngefear 50 by 50 regels is yn goede kondysje om lêzen te wurden; oare seksjes misse grutte stikken, mar sommige oare ûnderdielen kinne foar in in part konstruearre wurde om de tema’s fan in lofsang oan Mut te foltôgjen. It reaster wurdt lêzen fan rjochtsboppe ôf, fan rjochts nei lofts, yn de ûntbrekkende hoeke fan de stêle; Foar it reaster wurde skiedingslinen brûkt.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe stêle is makke fan in blok kalkstien fan 112 sm (44 inch) heech, 84,5 sm (33,3 inch) breed en 11,5 sm (4,5 inch) djip. In rige fertikaal steande goaden sieret it stik boppe de hiëroglifen yn in horizontale fries boppe de earste horizontale rige; de steande figueren steane nei alle gedachten foar de goadinne Mut; De fries foarmet mar in koart stikje fan de omtrek fan it boppeste diel fan de stêle. De stêle is ûndertekene mei "Paser, wierhaftich fan stim". De stêle wurdt bewarre yn it Britsk Museum (katalogusnr. EA 194). It waard ûntdekt yn de omkriten fan de Timpel fan Amon yn it Karnak Timpelkompleks troch Giovanni Batista Belzoni.
Foarbyldtekst, in horizontaal en fertikaal blok
bewurkje seksjeIn foarbyldblok:
(rige 1) (1) (2) (3) (4) (blok 5 (kolom 42)) (rige 2) (1) (2) (3) (4) (blok 5) (rige 3) (1)
(
)(2) (3) (4) (blok 5) (rige 4) (1) (2) (3) (4) (blok 5)
De werjûne fertikale kolommen binne fan de kolommen 38-42, (dat wol sizze blokken ien oant fiif), en begjinne mei it lêzen fan de lofsang oan de goadinne Mut fanôf rige ien nei ûnderen ta. Omdat de stêle fan rjochts nei lofts lêst, komt blok 5 oerien mei kolom 42, blok 1 mei kolom 38.
De fjouwer horizontale rigen, (hymne 1 fan 3)
bewurkje seksjeDe fjouwer rigen kinne oersetten wurde as:
- ... grutte (fan) útstrieling, dy ‘t ferljochtet...
- ... krêft; (har) each, it ferljochtet...
- ... as de ferljochter fan (har?); De beide lannen en de ûnderwrâld.
- ... yn de tsjintwurdichheid fan de sinnegod dy’t sjocht...
De earste 4 blokken, kolommen 38-42, (hymne 2 fan 3)
bewurkje seksjeDe earste 4 blokken fan de kolommen 38-42 wurde sa oerset: (nei ûnderen lêzend troch de blokken hinne)
- 38- ... grut fan krêft yn de tsjintwurdichheid fan...
- 39– ... strieljend; it each dat it antlit ferljochtet
- 40– ... de sinnegod ferljochtet...
- 41– ... de sinnegod ferljochtet foar har...
- 42– ... hja (Mut) hat de beide lannen earder ferljochte...
Hiëroglyf transliterearre ekwivalinten (likernôch)
bewurkje seksjeRigen ien oant en mei fjouwer, kolommen 38-42 en harren ekwivalinten:
Foarbyldtekst, in horizontaal en in fertikaal blok
bewurkje seksjekol 38 | kol 39 | kol 40 | kol 41 | kol 42 | ||
---|---|---|---|---|---|---|
'3t | 3Kh | bepalend-
|
s-hdj | dj | ||
phtj | jrt | s-hdj | dj | n:s | ||
m-(ûle) foarsetsel-
|
shdj | dj | n:s | t3wj-dw3 | ||
khft | hr | r' | bepalend-
|
m3 |
Omdat it hiëroglife lettertype fan de Gardiner’s Sign List allinnich nei links sjocht, stiet de tabel hjirboppe yn de tsjinoerstelde rjochting fan de Paser krúswurd stêle. De stêle komt prominint foar yn de roman “The third translation’ fan Matt Bondurant.