Paul-Charles Chocarne-Moreau

Paul Chocarne-Moreau, berne as Paul Charles Chocarne (Dijon, 31 oktober 1855 - Neuilly-sur-Seine, 5 maaie 1930, wie in Frânske keunstskilder.

Paul-Charles Chocarne-Moreau
keunstner
Paul-Charles Chocarne-Moreau yn 1902
Paul-Charles Chocarne-Moreau yn 1902
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frânsk
berne 31 oktober 1855
stoarn 5 maaie 1930
wurkpaad
prizen Légion d'honneur
offisjele webside
RKD-profyl
Paul Chocarne yn syn atelier mei syn modellen

Libben en wurk

bewurkje seksje

Paul Chocarne waard berne yn Dijon op 31 oktober 1855 yn in keunstnersfamylje. Syn heit wie skilderlearaar en hy wie de neef fan paters Bernard Chocarne en Victor Chocarne, lykas ek de neef fan de byldhouwers Mathurin, Hyppolyte en Auguste Moreau. Paul Chocarne gie nei de École des Beaux-Arts yn Parys, dêr't er efterinoar de learling wie fan Tony Robert-Fleury en William Bouguereau [1]. Hy begûn op de Salon fan Frânske keunstners yn 1882 en eksposearre dêr fan dat jier ôf geregeld ûnder de namme Paul Chocarne-Moreau. Yn 1906 waard er beneamd ta Ridder fan it Legioen fan Eare. [2].

Chocarne-Moreau wie spesjalisearre yn sjenreskilderkeunst. De haadrolspilers yn syn keunstwurken binne oer it algemien grappige jonges út de arbeidersklasse: jonge learling-banketbakkers, skoarstienreagers, alterjonges en skoalbern. As tsjûge fan syn tiid skildere er wurkjen as Sur la barricade ('Op de barrikade) dy't er útstalde op de Salon fan 1909. Hy kin as in foarrinner fan de Amerikaanske skilder Norman Rockwell [1] beskôge wurde.

In kar:

  • Dijon, Musée des Beaux-Arts: Le Pâtissier et le ramoneur ('De banketbakker en de skoarstienreager"), oaljeferve op doek.
  • Plak net witten:
    • Une vielle farce, illustration de la couverture du Figaro illustré [3].
    • Chacun son tour, salon fan 1899. Bernesêne mei in ferklaaide dronken man en Pierrot.
    • Mi-Carême, salon fan 1907.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Base de données de l'association Fine Arts Dealers
  2. René Édouard-Joseph, Dictionnaire biographique des artistes contemporains, tome 1, A-E, Art & Édition, 1930, s. 292
  3. figaro-illustre.e-monsite.com.