Paul Roger Elstak artistenamme DJ Paul Elstak (De Haach, 14 jannewaris 1966) is in Nederlânske DJ. Paul Elstak groeide op yn in muzikale famylje, syn heit spile gitaar yn in jazz-groep. Yn 1987 waard Elstak oannaam as DJ yn in Rotterdamske diskoteek. Elstak brocht yn 1995 syn debútalbum May the Forze Be with You út. Yn 1995 behelle er mei in bewurking fan it Sunscreem nûmer Love U More syn earste top trije hit. Paul Elstak hat twa studio-albums útbrocht.

Paul Elstak
sjonger en/of muzikant
Paul Elstak yn 2011
Paul Elstak yn 2011
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paul Roger Elstak
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 jannewaris 1966
berteplak De Haach
wurkpaad
sjenre Happy Hardcore,
Techno,
Dance
jierren aktyf 1987-no
prizen Sulveren Harpe (1995)

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht yn
May the Forze Be with You 1995
Show No Fear 2007