Paul Nipkow
Paul Julius Gottlieb Nipkow (Lauenburg, 22 augustus 1860 – Berlyn, 24 augustus 1940) wie in Dútske útfiner. Hy wurdt wol sjoen as de grûnlizzer fan de telefyzje[1].
Biografy
bewurkje seksjeNipkow waard berne yn Lauenburg yn Pommeren (no Lębork yn Poalen). Yn 1882 sette er út ein mei de stúdzje natuerkunde oan de Universiteit fan Berlyn. By syn stúdzje betocht hy in meganisme om bylden om te setten yn elektryske sinjalen. Fia in hurd rûndraaiende skiif mei gatsjes dy't yn in spiraalfoarm oardere binne, koe der in byld ôftaaste wurde, wêrnei't it troch in seleniumsel omsetten waard yn elektryske sinjalen dy't ferstjoerd wurde koene. Oan de ûntfangende kant koe út dizze sinjalen middels in twadde (lyksoartige) skiif in út linen opboud byld gearstald wurde.
Dizze Nipkowskiif foarme de basis foar syn elektryske teleskoop. Yn 1885 waard him hjirfoar patint ferliend. De praktyske tapassing fan syn útfining levere lykwols in soad problemen op, benammen omdat it slim blykte om de Nipkowskiif fan de stjoerder en dy fan de ûntfanger syngroan rinne te litten. Nei syn pensjonearring yn 1919 wurke Nipkow oan dit probleem fierder. Yn 1924 waard him in patint ferliend foar de syngronisaasje fan de Nipkow-stjoeder en -ûntfanger.
Yn 1935 waard de Dútske telefyzjestjoerder fan Witzleben de Fernsehsender Paul Nipkow neamd. Nipkow waard ta earepresidint fan de molkefarske telefyzjeôfdieling by de Ryksradiokeamer beneamd. Op syn 75ste jierdei, op 22 augustus 1935, waard him troch de Johann Wolfgang Goethe Universiteit yn Frankfurt in earedoktoraat yn de natuerkunde takend. Offisjeel krige Nipkow al dy earebliken foar syn wichtige bydragen oan de útfining fan de telefyzje. Yn feite waard hy lykwols troch de nasjonaal-sosjalisten foar propaganda-doeleinen brûkt.
Nipkow ferstoar twa dagen nei syn tachtichste jierdei yn Berlyn, dêr't Hitler foar in steatsbegraffenis soarge. Der wienen pommeranten út de nazypartij by en op de kiste lei in krânse fan de Führer. Nipkow waard yn de Berlynske wyk Pankow begroeven.
Yn 1998 waard op it hûs yn Pankow, dêr't hy it grutste part fan syn libben wenne hie, in tinkstien oanbrocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|