Pavel Michailovitsj Tretjakov

(Trochferwiisd fan Pavel Tretjakov)

Pavel Michailovitsj Tretjakov (Russysk: Павел Михайлович Третьяков) (Moskou, 27 desimber 1832 - dêre, 16 desimber 1898 Juliaanske kalinder) wie in stienrike Russyske tekstylfabrikant, filantroop en keunstsamler. Syn broer Sergej M. Tretjakov wie ek in ferneamd beskermer fan keunst en filantroop.

Pavel Michailovitsj Tretjakov. Portret troch Ilja Repin.
De Tretjakov Galery mei in stânbyld fan Tretjakov dêrfoar.

Jonkheid bewurkje seksje

Tretjakov krige thús privee-ûnderwiis. Yn 1850 erfde er syn heite saak en boude dêrnei in bloeiende hannel yn flaaks op. Syn bedriuw makke ek linnen en ferkocht tekstyl.

Mei oare Moskouske hannelslju stifte er in bank en waard ien fan de direkteuren; fierders stie er oan de widze fan grutte firmas en de Moskouske hannels- en yndustrymaatskippij. Hy wie goed foar sa'n 4.4 miljoen roebel, oan fêst guod (alinne yn Moskou fiif grutte huzen), fersekeringen en noch net betelle rekkens.

Keunstsamling Tretjakov bewurkje seksje

Tretjakov sette útein mei it garjen fan keunst doe't er noch mar 24 jier wie; syn earste oankeap bestie út 10 doeken fan âlde Nederlânske masters, mar syn grutte doel wie om in nasjonale galery foar Russyske keunst te stiftsjen.

Hy is de skiednisboeken yngien as mesenas en grutte stiper fan de yn 1870 oprjochte skildersgroep De Swalkers (Peredvizjniki), dêr't û.o. Vasili Soerikov, Ilja Repin en Vasili Perov ta hearden. Yn 't earstoan hie er in galery yn syn eigen went, mar dy waard rillegau te lyts út reden fan syn hieltyd grutter wurdende samling. It hûs waard dêrom in pear kear oanpast en fergrutte tusken 1870-1880 nei in ûntwerp fan arsjitekt Kaminski. Fan 1881 ôf krige de gallery in soad oanrin; tsjin 1885 kamen er sa'n 30.000 minsken yn 't jier.

Yn 1892 erfde Tretjakov de samling West-Jeropeeske skilderijen fan syn broer en sette dy yn twa aparte sealen. Tsjin dy tiid wie syn galery like wichtich as de oare grutte museums yn Ruslân; it hearde doe al ta de nijsgjirrichheden fan Moskou.

De mânske keunstkolleksje (1287 skilderijen en 518 grafysk wurk fan de Russyske skoalle, 75 skilderijen fan West-Jeropeesk komôf, 15 bylden en in samling ikoanen) droech er yn 1892 oan de stêd Moskou oer en foarme dêre sa de grûn foar de hjoeddeiske Tretjakovgalery. Op 15 augustus 1893 wie de offisjele iepening fan it museum dat doe noch "Pavel en Sergej Tretjakov Stêds Keunstgalery" hjitte.
Tretjakov stoar mei 66 jier yn syn berteplak Moskou.

Keppeling om utens bewurkje seksje