In pealledykis in konstruksje fan peallen om in stik dyk te fersterkjen. Yn de 14e iuw waarden der in soad diken oanlein, meast fan grûn dy't foarhannen wie. De diken brutsen dan ek faak troch sadat der in soad wetteroerlêst wie. Yn de 15e iuw waard oan de seekant fan de diken in pakket seegers lein mei in rige peallen derfoar sadat de diken beskerme wienen tsjin de weagen. Mar it oanlizzen fan sa'n pealledyk wie in djoere grap.

De pealledyk yn de iemmar by Iemdyk

Yn de 18e iuw ûntstienen der grutte problemen, de peallediken sakken allegear yn. Dat kaam troch de pealwjirm dy't him dwers troch it hout hinne friet sadat de peallen ferswakten en ôfbrutsen. De pealwjirm komt út East-Aazje en is mei skippen út de Feriene Eastyndyske Kompanjy hjirhinne komd.

De pealwjirm komt noch altyd yn Nederlân foar. Hy libbet yn sâlt of tige brak wetter en libbet oan de Noardseekust, de Waadkust en in diel fan Seelân. By it bouwen mei hout moat dêr tige rekken mei hâlden wurde. Yn de lettere iuwen binne de diken oanlein mei pún of leafst mei basaltblokken, mar dy moasten fan fier komme en wienen sadwaande djoer.

Oan de Sudersee leinen in soad peallediken. It wetterskip Vallei en Iem hat sa'n dyk neiboud yn de Iemmar om sjen te litten hoe't it wie. By de konstruksje binne ynformaasjeboerden setten. It leit by de Oude Pol op de grins fan Iemdyk en de Westdyk tusken Iemdyk en Spakenburch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: