Pelgrimrus (Frysk: Pylgers Rêst) is in plak yn de provinsje Mpumalanga yn Súd-Afrika. It waard útroppen ta nasjonaal monumint. Meidat der yn septimber 1873 goud ûntdekt waard kamen der in soad goudsikers hinne. Ein 19e iuw kamen de konsesjes yn hannen fan it bedriuw Transvaal Gold Mining Estates (TGME), dy't ûndergrûnske minen oanlei. De aktiviteit einige yn 1971 en it doarp waard ferkocht oan de oerheid dy't der yn 1986 in nasjonaal museum en monumint fan makke.

Pelgrimsrus
Heech Pelgrimrus
Heech Pelgrimrus
Bestjoer
Lân Súd-Afrika
Provinsje Mpumalanga
Sifers
Ynwennertal 1.721 (2011)
Oerflak 25,40 km²
Befolkingsticht. 68/km²
Hichte 1.285 m. boppe seenivo
Oar
Postkoade 1290
Tiidsône UTC+2
Koördinaten 24° 54' SB, 30° 45' EL

It langhalige doarp leit oan in wei op in heuvel en bestiet út in uptown (boppestêd) en in downtown (legere stêd).

It âlde begraafplak wjerspegelet de skiednis fan it plak. Alle grêven, de measten fan 'uitlanders', lizze allegear yn deselde rjochting, útsein fan de ferneamde Grave Robber's, it 'grêf fan de dief' (anonym), leadrjocht op de oare grêven, hawwe allinnich in krús en de boppesteande tekst. Dat suggerearet dat de dief deade waard by it stellen fan ien fan de goudsikerstinten. Dy tinten wiene meast it ienige thús fan de goudsikers sadat in swiere straf rjochtfeardige wie.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Pelgrimsrus – foto, fideo en harktriemmen