Penda fan Mersia

(Trochferwiisd fan Penda fan Mercia)

Penda (sa. 606-655), zoon van Pybba, wie de earste kening fan Mersia dy't it ryk ta grutte macht brocht. De tradysje wol hawwe dat it ryk âlder wie, mar yn de skiednis kaam it net foar. Faaks kin dat ferklearre wurde mei't Mersia foar Penda syn tiid mar ien fan mear lytse riken yn it gebiey (de West-Midlands fan no) wie, fermoedlik ûnder oergesach fan Northumbria.

De dea fan Penda (glês-yn-lead rút yn de katedraal fan Worcester)
A map of England, Wales and southern Scotland. The Britons are shown in the soutwest and northwest of England. In the northeast are the Northumbrians, with the Bernicians to the north of the Deirians. The Mercians are in the middle, with the Gainas, Lindisfaras, and Middle Angles to the east. An number of smaller tribes are shown in the south.
A map showing the general locations of the Angelsaksyske folken ± 600

Wannear't Penda kening waard is net bekend en hoelang't syn keningskip krekt duorre hat ek net. De earste fernijin fan Penda is yn de slach by Cirencester, neffens boarnen yn 628, mar mooglik inkelde jierren letter. Yn dy fjildlach fersloech er Cwichelm en Cynegils fan de Gewissae (Wesseks). It gebiet om Cirencester en de delling fan de Derwent gienen hjirtroch oer fan Wesseks nei Hwicce. Neffens guon historisy is Hwicce in ryk dat troch Penda foarme waard, oaren tinke dat it al bestie en ûnder kontrôle fan Mersia kaam.

Yn 633 ferbûn Penda him mei Cadwallon, de kening fan Gwynedd tsjin Edwin fan Northumbria. By de slach by Hatfield Chase fersloegen de bûnsgenoaten Edwin, dy't sneuvele. Cadwallon waard it jier derop sels deadien, mar Penda gie nei Hatfield Chase werom nei Mersia en naam Eadfrith (in soan fan Edwin) mei. Eadfrith waard letter troch Penda deamakke.

yn 642 stie Penda wer foarde legers fan Northumbria oer, mar ditkear lieden troch Oswald fan Northumbria. Penda wûn en Oswald sneuvele. Ek Eowa, broer fan Penda en meikening fan Mersia, ferlear it libben yn dizze slach; it is net dúdlik oan waans kant er fjochte. Hjirnei waard Mersia de meast machtige steat yn de regio. Oswiu waard kening fan Bernicia, mat hie gjin macht besuden de Humber, en sels Oswine, de soan fan Osric en de nije kening fan Deira foel yn 't earstoan ûnder Penda's oerkeningskip.

Om 645-646 hinne die Penda in oanfal op East Anglia. Hy fersloech kening Ecgric, en Ecgric en eks-kening Sigeberht sneuvelen. Sa kaam der in ein oan it regear fan neisieten fan Raedwald. Anna waard de nije kening. Yn 649-652 wie Penda op 'en nij op oarlochspaad yn East Anglia. Kening Anna waard ferdreaun en Penda sette dy syn broer Aethelhere op de troan.

Penda's hâlding foar Oswiu oer ferskilde yn dizze jierren. Oan de iene kant foel er Northumbria 1 kear of faker yn, dêr't er by oant Bamburgh kaam (foar 651), oan de oare kant trouden om 653 hinne syn dochter Cyneburh en syn soan Peada mei in soan en dochter fan Oswiu, wat op goede ferhâldingen tsjut.

Yn 655 foel Penda fannijs Northumbria yn, mei in grutte legermacht mei ûnder mear Aethelhere, Oethelwald fan Deira en Cadafael ap Cynfedw fan Gwynedd as bûnsgenoaten. Hy siet Oswiu nei, en twong him in skatting te beteljen. Op de weromwei waard er lykwols troch Oswiu oanfallen en ferslein yn de slach by Winwaed. Fermoedlik is er sneuvele yn de slach. Oswiu besette noard-Mersia, wylst Penda's soan Peada kening fan súd-Mersia wurde mocht. Doe't dy it jier dêrop stoar, heakke Oswiu ek oan syn ryk ta. In oare sooan fan Penda, Wulfhere wist yn 658 de macht te gripen, mar earst yn de 8e iuw, ûnder Aethelbald waard Mersia wer it machtige ryk dat it ûnder Penda west hie.

Penda wie de lêste heidenske kening fan de grutte riken fan de heptargy. Syn soan Peada waard bekeard as betingst by syn houlik mei de Northumbriaanske prinsesse Ealhflaed. Penda bleau sels heiden, mar liet wol misjonêre aktiviteit op syn grûngebiet ta.