Perkamint
Perkamint is in tin papiereftich materiaal, makke fan de hûd fan keallen, kij, geiten, skiep, kninen of ezels. Perkamint is neamd nei de stêd Pergamum, yn Lyts-Azië. Dêr is it lykwols net útfûn, mar wol ferbettere. Perkamint is benammen bekend as skriuwmateriaal foar hânskriften.
It âldste perkamint is fan 2700 jier foar Kristus en is fûn yn Egypte. Perkamint bliek better en sterker te wêzen as papyrus, mar it wie ek (folle) djoerder. Yn de midsiuwen waard perkamint yn Jeropa in soad brûkt om op te skriuwen, om’t it gebrûklike papyrus fochtgefoelich is en net lang goed te hâlden yn it wiete Jeropa. It minder gefoelige papier bestiet al fan de 14e iuw ôf, mar waard yn ’t earstoan as minderweardich skriuwmateriaal beskôge.
Perkamint fan keallehûd hie de bêste kwaliteit. Gauris waard it poarperread ferve en beskreaun mei sulver- of goudkleurige inket; it wie dêrtroch djoerder as oare perkamintsoarten. Dy soart wurdt ek wol fellum (felijn) neamd.
Perkamint hat troch de bank nommen in tsjokte fan sawat 0,6 mm, mar der binne farianten dy’t folle tinner of tsjokker binne, ôfhinklik fan de brûkte hûdsoarte. It is yn alle gefallen aardich tsjokker as it hjoeddeistige skriuwpapier (sawat 0,1 mm).
Fabrikaazje fan perkamint
bewurkje seksje- In bist waard slachte en de hûd der ôf helle.
- De hûd waard lang weakke yn streamend wetter om dy sêft en skjin te meitsjen.
- De hûd waard yn kalkwetter lein, dêr’t de hierwoartels en fleisresten troch los kamen.
- Hier en fleisresten waarden mei ferdrach ferwidere mei help fan in sikkelfoarmich mes.
- De hûd waard opspand op in houten raam, dêr’t it fel in glêd oerflak troch krige.
- Noch ienkear waard it perkamint ôfskrabe en op ’t lêst waard it polyste mei púmstien en kalk.
- It perkamint waard op maat snien en krekt as papyrus yn hiele lange stripen oaninoar plakt en om in stokje rôle ta in boekrôle (Latynsk: “volumen”), ofwol it dûbeltearen ta in boekkatern. Oaninoar naaide katerns neamden se letter in kodeks. De lêste foarm kaam yn swang fan sawat 100 nei Kristus ôf en wie in iuw letter de meast gongbere boekfoarm wurden.
Nei dizze bewurkings wie it perkamint klear om beskreaun te wurden.
It perkamint hie twa kanten, de iene kant wie oarspronklik de hierkant, de oare de fleiskant. De hierkant is rûger as de fleiskant en ek wat donkerder fan kleur. Yn in midsiuwsk boek waarden oer it algemien yn in boek twa hierkanten tsjininoar lein, dêrnei twa fleiskanten, twa hierkanten ensfh. As it boek iepenslein wurdt, wurde dus twa deselde siden tsjinelkoar oer sichtber.
In foardiel fan perkamint boppe papyrus wie dat jo by perkamint gjin lêst hiene fan fertikaal rinnende fezels oan de efterkant. Beide kanten koene dus makliker beskreaun wurde, wat materiaal útsparre. In neidiel wie dat perkamint fan himsels opkrôlet, benammen yn de hoeken, en dat it mear glânzet as papyrus, wat sa noflik net lêst.
It brûken fan perkamint
bewurkje seksjeIn soad hânskriften út de midsiuwen binne troch muontsen op perkamint skreaun. Dat waard mei in guozzefear dien en reidstaafkes dy’t yn izergallusinket doopt waarden. As fersierings waarden ûnder oare boekferluftigings tekene en ynkleure mei ferve. Der waarden ek in soad fersierde letters brûkt: benammen foar de inisjalen, de begjinletters fan haadstikken sierden se op. De muontsen kopyearren foaral in soad oare, âldere, boeken en sa binne der troch de midsiuwen hinne in soad boeken út de âldheid foar ús bewarre bleaun.
Gauris makken se by it skriuwen gebrûk fan helplyntsjes, dy’t makke waarden troch oan wjerskanten fan elk fel mei in spjelde in fertikale rige gatsjes yn it materiaal te prippen. Dan lutsen se mei de stompe kant fan in mes of leadstift lizzende linen tusken de gatsjes en ek in pear steande linen, om yn kolommen wurkje te kinnen.
Perkamint waard inkeld ek werbrûkt. De âlde tekst waard der ôf skrabe en it perkamint waard mei in nije tekst beskreaun. Dat behannele perkamint hjit palimpsest. Faak is de âlde tekst, dy’t wichtiger wêze koe as de nijere, noch te lêzen mei ynfraread of ultrafiolet ljocht.
Ald perkamint waard ek brûkt foar it ynbinen fan nijere boeken. Jo neame sokke werbrûkte stikken membra disjecta (fersmiten parten).
Om’t perkamint trochskinend is, wurdt it ek brûkt yn lampen. It waard sels brûkt yn ramen.
Oan de ein fan de midsiuwen waard perkamint troch papier ferkrongen. Net allinnich wie papier folle goedkeaper, mar it naam de inket ek better op.
Perkamint wurdt ek tsjintwurdich noch foar Joadske toararôlen brûkt en troch lju dy’t de kalligrafy beöefenje, foar lúkse boekbannen en foar oarkondes. Dêrnjonken wurdt it ek brûkt yn de saneamde perkamintkeunst of 'pergamano'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|