Peter de Grutte

(Trochferwiisd fan Peter I fan Rûslân)

Peter de Grutte, tsaar Peter I Aleksejevitsj Romanov fan Ruslân; berne Moskou, 9 juny 1672 - Sint Petersburch, 8 febrewaris 1725 (yn de Juliaanske kalinder 30 maaie 1672 - 28 jannewaris 1725). Peter wie letterlik "grut", hy wie likernôch twa meter, mar hy wie ek in grut steatsman dy't Ruslân modernisearre hat.

Peter de Grutte
(Paul Delaroche (1797–1856))

Peter de Grutte wie de soan fan tsaar Aleksej I Michajlovitsj Romanov fan Ruslân en syn twadde frou Natalja Kyrillovna Narysjkina. Nei de dea fan Peter syn healbroer, tsaar Feodor III, yn 1682 waard de tsienjierrige Peter tsaar, mei syn mem Natalya as regintesse. Nei in bluodderich konflikt tusken de famyljes fan de twa froulju fan Aleksei I, waarden, as in kompromis, Peter en syn âldere, swaksinnige healbroer Iwan tegearre tsaar, mei Peter's healsuster Sophia as regintesse. Dat duorre oant Peter har yn 1689 ôfsette, wêrnei't de healbruorren tegearre de titel fan tsaar hâlden. Nei't Iwan stoar yn 1696 wie Peter allinnich tsaar fan Ruslân.

Dêr't syn heit hoeden op in mear westersk Ruslân oanstjoerd hie, dêr foarme Peter Ruslân, oft it dat woe of net, om nei in naasje boud nei westersk foarbyld, en dêrmei nei in Jeropeeske grutmacht. Dat betsjutte herfoarming fan it leger en fan it regear, oanpassing fan it muntstelsel, de oersetting fan westerske boeken en ynfiering fan westerske klean, it stiftsjen fan in nije haadstêd, Sint Petersburch, nei westersk model, it oanlûken fan westerske yngenieurs en de stúdzje fan ferskate Westerske techniken. Foar dat lêste doel gong Peter, wylst er op in diplomatike reis wie troch Jeropa, as learling oan it wurk, ûnder oaren yn 1697 yn Nederlân dêr't er yn Saandam en Amsterdam troch it wurkjen op de werven Skipsboutechnyk learde, en yn Deptford yn Ingelân dêr't er de teory fan skipsûntwerp fierder bestudearre.

Yn eigen lân brochten de feroarings in soad protesten, mar tsjinstân waard mei hurde hân delslein. Yn 1721 waard Peter útroppen ta earste keizer fan it Russyske keizerryk, wat er oan syn dea yn 1725 bliuwe soe. Nei syn dea soe it duorje oant Katarina de Grutte eardat in monarch Peters polityk fierderfiere soe, mar troch syn ynfloed wie Ruslân foarfêst modernisearre.

Húshâlding

bewurkje seksje

Yn 1689 troude Peter mei Eudoxia Lopoechina. Se krigen trije bern, ûnder oaren Aleksej Petrovitsj Romanov. Doe't Peter fan har ferfrjemde rekke stjoerde er har nei it kleaster. Doe't Aleksej yn 1718 nei it bûtenlân flechte liet Peter him foar heechferrie deadwaan. Earst Aleksejs soan Peter II soe keizer fan Ruslân wurde.

Yn 1703 moete Peter mei Martha Skavronskaja, de lettere Katarina, dêr't er syn fierdere libben mei trochbringe soe. Yn 1707 troude it pearke, mar dat waard earst publyk makke yn 1712. Se krigen alve bern, wêrfan allinnich Anna en Elisabet folwoeksen waarden. Yn 1724 waard Katarina I kroand ta keizerinne fan Ruslân. Sy regearre tegearre mei Peter oant syn dea en alinnich oant sy stoar yn 1727.

Peter de Grutte hat faaks foar de gewoane boarger yn Ruslân net safolle te betsjutten hân. Hy hat al de macht fan de tsjerke en de adel beheind, mar der wienen hieltyd noch grutte ferskillen yn Ruslân, dy't pas yn de Russyske Revolúsje einige wurde soenen. Oan de oare kant hat hy dúdlik ynfloed hân op Ruslân as gehiel. Troch him waard Ruslân in grutmacht, dêr't op it Jeropeeske polityke toaniel rekken mei hâlden wurde moast.