Peter Nicolai Arbo
Peter Nicolai Arbo (Drammen, 18 juny 1831 – Kristiania, 14 oktober 1892) wie in Noarske keunstskilder dy't him spesjalisearre yn it skilderjen fan tafrelen út de Noarske mytology.
Arbo's bekendste wurken binne Åsgårdsreien (1872) en Valkyrien (1865).
Yn 1849 studearre Arbo, soan fan it skoalhaad Christian Fredrik Arbo (1791-1868) en syn oarehelte Marie Christiane von Rosen, oan de Keninklike Friedrichs-Universiteit yn Kristiania. Dêrnei gie er nei Kopenhagen, dêr't er yn 1851/1852 les krige oan de Keninklike Deenske Keunstakadeemje en fan Frederik Ferdinand Helsted. Fan 1852 oant 1855 studearre er oan de keunstakadeemje fan Düsseldorf, benammen by Karl Ferdinand Sohn. Yn 1857/1858 wie er privee-learling fan Emil Hünten. Hy hie kontakt mei Adolph Tidemand en Hans Fredrik Gude. Fan 1857 oant 1861 wie er lid fan de Düsseldorfse keunstnersferiening Malkasten. Yn 1863 ferfear er nei Parys, dêr't er oant 1874 mei ûnderbrekkingen wenne. Dêrna festige er him yn Kristiania.
Galery
bewurkje seksje-
Walkuere (Valkyrien), 1865
-
Stiklestad
-
Hervor syn dea
-
Ingeborg
-
Kening Olaf Tryggvasson
-
Håkon de Goede (Håkon den Gode) (1860)
-
Stamford
-
Nótt (yn de Aldnoarske mytology de personifikaasje fan de 'Nacht') op har hynder Hrímfaxi
-
Dagr
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peter Nicolai Arbo fan Wikimedia Commons. |