Piet Kingma
Piet Kingma (Ljouwert 29 maaie 1926 – Arnhim 24 novimber 1994) wie in Nederlânsk komponist en dirigint.
Syn earste pianolessen en teorylessen krige hy fan Willem Zonderland. Nei de middelbere skoalle waard hy talitten oan it Keninklik Konservatoarium yn De Haach: pianolessen fan Hugo van Dalen, hobolessen fan Jaap Stotijn (beide haadfakken) en teory fan Martin Lurssen en oaren. Syn eineksamen die er yn 1952. Fan 1965 - 1972 krige er komposysjelessen fan Hendrik Andriessen.
Wurk
bewurkje seksjeYn 1952 waard Kingma beneamd ta solohoboïst by it Limburgs Symfonie Orkest en ta learaar oan it Maastrichtsk konservatoarium. Yn 1965 waard hy beneamd as direkteur fan de Venloske muzykskoalle en as dirigint fan it Koninklijk Toonkunstkoor Orpheus. Yn 1966 waard hy dirigint fan it Venloosk Symfony Orkest.
Komposysjes
bewurkje seksjeSyn komponearstyl waard beynfloede troch Hendrik Andriessen en is reedlik modern yn in let-ympresjonistysk idioom. In soad fan syn komposysjes waarden makke foar, as fanwege bepaalde útfierenden, lykas bygelyks it Gemini Ensemble, skreaun. Yn 1953 waard syn Concertino voor hobo en orkest bekroand yn de AVRO priisfraach. Yn 1984 waard hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Yn datselde jier komponeade hy de Rilke Lieder, ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan it Keninklik Toankeunstkoar Orpheus. As earbetoan oan it Venloos Symfonie Orkest skreau hy yn 1992 Capriccio et Choral.
Yn Theater de Maaspoort yn Venlo is ien fan de sealen nei Piet Kingma ferneamd.