Pieter Cool (Amsterdam, 31 oktober 1807 - Harns, 2 septimber 1891) wie in meniste predikant.

Cool stie yn Purmerend fan 1832-36 en fan 1836-1872 yn Harns. Wie yn syn tiid ien fan de doperske predikanten mei de measte ynfloed. Wie 'modern', hielûnthâlder, skreau in protte koarte artikels en opstellen. Mei Dirk Harting (1817-1892) fan Inkhuzen wie er yn 1861 oprjochter en earste redakteur fan Doopsgezinde Bijdragen. Cool wist ek in soad fan it Arabysk.

Wurk bewurkje seksje

De neifolgjende wurken waarden allegear útjûn yn Harns.

  • Redevoering bij het 25jarig bestaan van het Nederlandsch Bijbelgenootschap (1839);
  • Gesprekken over het leven van Jesus door Strauss (1840);
  • Een woord van opwekking om lid te worden van de vereeniging tot afschaffing van sterken drank. (1854);
  • Waarheid in beelden (1857 en 1867);
  • Is byzondere liefde tot zijn kerkgemeenschap een Christelijk, beginsel? (1857);
  • De stichting der nieuwe Doopsgezinde kerk te Harlingen (1858);
  • Lezen-eten (1859);
  • De afschaffing der afschaffingsgenootschappen (1860);
  • De feestmorgen van Zondag 13. Oct. 1861 herdacht (1861);
  • Een levensrecept (1869).

Mei P. Feenstra, Jr. publisearre er Gedenkschrift van het Menno-Simons monument (Swol, 1879). Teffens ferskynden artikels fan him yn de blêden, De Gids en Licht, liefde, leven.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Cool, Pieter.


Keppeling om utens