Pieter Klazes Pel (1852-1919)

(Trochferwiisd fan Pieter Klazes Pel (dokter))

Pieter Klazes Pel (Drachten, 22 febrewaris 1852 - Amsterdam, 15 febrewaris 1919) wie in Nederlânsk dokter fan Frysk komôf en heechlearaar ynterne genêskunde.

Pieter Klazes Pel (1852-1919)
Pieter Pel troch Isaac Israëls
Pieter Pel troch Isaac Israëls
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 febrewaris 1852
berteplak Drachten
stoarn 15 febrewaris 1919
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Dokter
aktyf as Heechlearaar
reden
  bekendheid
Pel-Ebsteinkoarts, Krisis fan Pel

Underwiis bewurkje seksje

Pel gie nei it gymnasium yn Snits en studearre dêrnei medisinen fan 1869 oant 1873 oan de Universiteit Leien. Hy waard dêr assistint fan ien fan syn mentors, heechlearaar Dr. Rosenstein. Pel studearre cum laude ôf yn 1876 op de skripsje The Fever Inducing Effect of Digitaline.

Karriêre bewurkje seksje

Yn 1878 waard Pel beneamd ta "chef de clinique” fan it Universiteitsikehûs yn Amsterdam; dêr wijde er him oan de ynterne genêskunde, sawol as dokter en ûndersiker. Dat betsjutte yndertiid alle kanten fan de genêskunde útsein sjirurgy en gynekology. Yn 1880 waard Pel beneamd ta lektor Besmetlike Sykten en Fysiologyske Diagnostyk en yn 1883 folge syn beneaming as heechlearaar Ynterne Sykten. Yn 1891 waard er útnoege om oan de Universiteit fan Leien te dosearjen, mar hy besluet om yn Amsterdam te bliuwen.

Bydragen oan de medyske wittenskip bewurkje seksje

 
Búste fan Pieter K. Pel troch Pier Pander (1908)

Pel is faaks it meast bekend fan syn beskriuwing fan de Pel-Ebsteinkoarts, in seldsum by pasjinten mei de Sykte fan Hodgkin foarkommende koarts. Pel beskreau yn 1885 de kasus fan twa pasjinten mei koartsperioaden fan 12 oant 14 dagen dy't ôfwiksele waarden mei in koartsfrije perioaden fan 10 dagen yn de Berliner Klinische Wochenschrift. Pel stelde by it post-mortem ûndersyk splenomegaly (fergrutte milt) en ek fergrutte lymfklieren fêst. Yn 1887 beskreau de Dútske dokter Wilhelm Ebstein in selde kasus yn it selde blêd. Der folge in polemyk; de iene woe hawwe dat it ferskynsel in symptoom wie fan wat doetiids "pseudo-leukemia" neamd waard (Pel) en de oare tocht dat it in aparte sykte oanbelange (Ebstein).

Pel wie ek de ûntdekker fan wat letter de "Krisis fan Pel" neamd wurde soe, definiearre as 'Okulêre krises yn de tabes dorsalis (in degeneraasje fan in part fan it rêchpiid), skaaimerke troch paroksismale senuwpinen, dy't de eagen en it gebiet dêr omhinne oantaast'.

Pel wie it mei syn tiidgenoat Sir William Osler iens, dat it better wie om medyske studinten oan it bêd fan de pasjint te ûnderrjochtsjen en te trenen, yn stee fan de kolleezjeseal. Yn syn inaugurale rede lei Pel ek de klam op it belang fan klinysk ûnderrjocht, wat in protte seit oer hoe swier at it foar him telde dat dy lespraktyk ynfierd wurde soe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: