Pieter Idserdts Portier (Frjentsjer, 1698 - dêre, 29 april 1781) wie in tekenlearaar út Frjentsjer.

Hy wie boppedat stedspoarteweitser (Portier) yn Frjentsjer, provinsjale lânskipstekener oan de Frjentsjerter hegeskoalle (2 maart, 1744), tegelskilder en tekener fan topografy, seegesichten en kaarten. Wurk fan him is yn it Frysk Museum en Frysk Skipfeartmuseum.

De bekende kleurekaart fan de Slachtedyk, mei doarpswapens -silhûetten, is fan syn hân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: