Pieter Steyn
Pieter Steyn (Haarlim, 6 oktober 1706 – 5 novimber 1772) wie riedpinsjonaris fan Hollân tusken 1749 en 1772.
Hy wie de soan fan Johanna Patijn en Adriaan Steyn, boargemaster fan Haarlim. Hy studearre rjocht yn Leien tusken 1724 en 1726. Syn beide houliken (fan 1736 en 1740) bleaune sûnder bern. Syn twadde frou Cornelia Schellinger hat him oerlibbe.